Tielt is in stêd en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De stêd leit yn de trijehoek fan Gint, Brugge en Kortrijk en hat mear as 20.000 ynwenners. De stêd is ek de haadstêd fan it arrondissemint Tielt.

Tielt
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 20.691 (31.12.2022)[1]
Oerflak 68,51 km²
Befolkingsticht. 302 ynw./km²
Oar
Postkoade 8377
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 0' N 3° 19' E
Offisjele webside
tielt.be
Kaart
Tielt (West-Flaanderen)
Tielt

Tielt is tusken de 5e iuw en de 10e iuw ûntstien. De âldste fermelding is as 'Tiletum' yn it jier 1105, werby't it om in opjefte fan in belestingbetelling gyng. Op basis dêrfan binne yn 2005 yn 'e stêd ferskate eveneminten hâlden om '900 jier Tielt op skrift' te fieren.

 
Tielt yn 1775

Tielt krige yn 1245 stedsrjochten. Yn 1275 waard de lekkenhal boud. Fan Filips de Stoute krige de stêd it rjocht op it hâlden fan in jiermerk. Der kaam in in stiennen stedhûs, in kleaster fan de minderbruorren en in Latynske skoalle yn 1686. Tuskentiids waard in part fan Tielt ferskate kearen fernield troch in stedsbrân of troch Gint, dy't oarloch tsjin Tielt fierde.

Yn 1602 waard Tanneke Sconyncx beskuldige fan hekserij en martele oant hja stoar. Foar Tanneke stiet tsjintwurdich in byld op de Merk.

Earste Wrâldkriich

bewurkje seksje

Tielt waard yn de Earste Wrâldkriich mei stikeltried ôfsletten fan de bûtenwrâld en in militêr bolwurk, dêr't it haadkertier fan it Dútske Fjirde Leger syn sit hie yn in tal foardere Tieltske hearehûzen oan de Hoogstraat (26, 34, 44, 53 en 54) en de Nieuwstraat (7-21). Yn dy jierren lei de hannel en yndustry yn Tielt stil en manlju en froulju waarden twongen om te wurkjen foar de Dútsers. Likernôch de helte fan de doetiidske Tieltske befolking bestie út Dútske militêren.[2] De Dútske keizer Wilhelm II besocht Tielt ferskate kearen, nammentlik yn 1914, 1915 en 1916.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje
 
Stedhûs

Tielt waard yn de Twadde Wrâldkriich ferskate kearen bombardearre. De stêd waard op 8 septimber 1944 troch de 1e Poalske Pânserdifyzje ûnder lieding fan generaal Maczek befrijd. Nei him is in plein yn Tielt ferneamd, dêr't ek it befrijingsmonumint stiet, in tank fan Sherman Firefly.

Njonken de oarspronklik gemeente Tielt bestiet de gemeente ek út trije dielgemeenten. Dy dielgemeenten binne eardere gemeenten, dy't yn de twadde helte fan de 20 iuw by Tielt weryndield waarden.

  • Schuiferskapelle is de lytste dielgemeente en leit noardlik fan de stêd.
  • Kanegem is de dielgemeente yn it noardeasten en wat grutter as Schuerskapelle. It stiet bekend om de blommen dy't it doarp fersiere.
  • Aarsele is yn it súdeasten fan de gemeente de grutste dielgemeente fan Tielt.
Nû. Plaknamme Oerflak Ynwenners (2021) [3] Kaart
I Tielt 34,64 15.227  
II Schuiferskapelle 7,93 1.129
III Kanegem 10,84 1.179
IV Aarsele 15,10 2.959

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Yn de binnenstêd is de Halletoer, in oerbliuwsel fan de lekkenhal en/of it wethâldershûs in UNESCO-monumint dat ûnderdiel útmakket fan de 'Belforten yn Belgje en Frankryk'.
  • It stedhûs fan Tielt stiet op it plak dêr't eartiids de Aleksianen harren kleaster hiene.
  • De Sint-Pitertsjerke is in goatyske halletsjerke út de 13e-14e iuw mei in monumintale preekstoel en in byldhoude kommunybank.
  • De tsjerke fan it minderbruorrekleaster is in bouwurk út it begjin fan de 18e iuw.
  • De Us Leaffrouwetsjerke datearret fan 1937.
  • It Pasjonisten kleaster
  • Kultuersintrum Gildhof.
  • De Poelberchgmûne.

Tielt leit op it plato mei deselde namme, dat tusken Aarsele yn it easten oant Koolskamp yn it westen leit. De hichte fan de krite is 14 oant 51 meter. Fan lânskiplik belang is de Poelberch, in isolearre heuvel fan mear as 40 meter heech, dy't súdeastlik fan Tielt leit. Tielt leit oan de Poekebeek, dy't yn eastlike rjochting streamt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Tielt


West-Flaanderen  
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
  ·   ·