Torhout
Torhout (Frânsk: Thourout) is in stêd en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat mear as 20.000 ynwenners.
Torhout | ||
Eardere stêdhûs | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 20.517 (2022)[1] | |
Oerflak | 45,32 km² | |
Befolkingsticht. | 453 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 3' N 3° 6' E | |
Lokaasje Torhout yn it arrondissemint Brugge yn 'e provinsje West-Flaanderen | ||
Offisjele webside | ||
torhout.be |
Torhout wurdt beskôge as de haadstêd fan 'e geografyske krite it Houtlân en leit op de oergong fan 'e sânstreek en de sânliemstreek oan 'e súdlike râne fan it plato fan Wijnendale. Eartiids waard Torhout stavere as 'Thourout', yn West-Flaanderen wurdt de namme dêrom noch útsprutsen as 'Toeroet'.
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme soe neffens de Belgyske skiedkundige Karel De Flou (1853–1931) út de Germaanske namme Thorwald stamme. In oare teory is dat de namme in gearstalling is fan de namme Thuro en holt, itjinge bosk bestjut. In inkeling tinkt dat de namme ôflaat is fan it West-Flaamske torre (toer).
Opgravings yn 1990 en 2010 wiisden út dat yn 'e Romeinske tiid oan de Zeeweg bewenning west hat. Under de Sint-Pitersbannentsjerke moat yn 'e 2e of 3e iuw nei Kristus in Romeinsk gebou stien ha.
Sûnt de 11e iuw hie Torhout in jiermerk, dy't beskerme waard troch it fan Flaamske greven boude kastiel fan Wijnendale. Nei alle gedachten hat Torhout sels gjin kastiel hân. Yn 1183 krige it plak fan de Flaamske greve Filips fan de Elzas stedsrjochten, dat ek it rjocht op in stedhûs en wâlen omfette. Der wiene nei alle gedachten gjin stedsmuorren mei poarten mar allinnich grêften en wâlen. Torhout hie in belfort, in lekkenhal en ek in grut merkplein. Yn de 11e iuw waard de Sint-Pitersbannentsjerke boud, dêr't in kapittel oan ferbûn wie. De Flaamske komponist Jacob Obrecht hat fan 1499 oant 1506 lid fan dat kapittel west.
De jiermerk brocht Torhout mar in foar in relatyf koarte tiid wolfeart want troch it tanimmende belang fan de skipfeart naam de hannel oer it lân ôf, sadat de ekonomy yn it tredde fearn fan de 13e iuw in foarse tebekslach makke.
Mei it oanlizzen fan ferhurde diken yn de 18e iuw kaam der wer mear wurk en groeide de befolking op 'e nij. Al sûnt 1600 wie de pottebakker wichtich yn Torhout en dy makke yn 1897-1910 noch in grutte bloei mei troch it meitsjen fan keramyk yn Art-Nouveaustyl. Ek in bedriuw foar it meitsjen fan weechtastellen en in weverij soarge foar wurk.
Yn de Earste Wrâldkriich blaasden de Dútsers in soad gebouwen op en ek alliearde bombardeminten brochten in soad skea oan Torhout. Op 18 oktober 1918 folge de befrijing fan de stêd. De Dútske bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich skansearren de stêd op 'e nij. Kanadeeske troepen ferdreaune op 7 septimber 1944 de Dútsers út Torhout.
Yndieling gemeente
bewurkje seksjeTorhout hat gjin dielgemeenten lykas oare Flaamske gemeenten (dielgemeenten binne yn Belgje eardere selsstannige gemeenten en tsjitnwurdich ûnderdiel fan in oare gemeente foarmje). Op it gebiet fan de gemeente lizze lykwols noch wol in pear lytse doarpen lykas Wijnendale en Sint-Henricus. Wijnendale leit noardwest fan de gemeente, wylst Sint-Henricus yn it suden fan de gemeente oan de wei fan Kortemark nei Lichtervelde (N35) leit. Oan 'e râne fan de stêd Torhout lizze noch de parochydoarpen De Driekoningen en Don Bosco.
Nû. | Namme | Kaart |
---|---|---|
I | Torhout | |
II | Wijnendale | |
III | Sint-Henricus | |
IV | De Driekoningen | |
V | Don Bosco |
It besjen wurdich
bewurkje seksjeTsjerken
bewurkje seksje- De neoromaanske Sint-Pitersbannentsjerke. Weropbou nei de Twadde Wrâldkriich neffens ûntwerp fan Willem Nolf. In pear fragminten fan de 12e-iuwske tsjerke binne bewarr nleaun.
- De Don Boscotsjerke fan 1974.
- De Sint-Joazef Arbeidertsjerke fan 1964.
- De Sint-Henricustsjerke yn it doarp Sint-Henricus.
- De Sint-Joazeftsjerke fan it doarp Wijnendale.
Kastielen
bewurkje seksje- It kastiel fan Wijnendale leit krekt súdlik fan it doarp Wijnendale westlik fan de N33. Troch de fal fan in hynder ferstoar Marije fan Boergonje yn 'e âldens fan 25 jier by in falkejacht yn 'e bosken fan Wijnendale. Op it kastiel hie kening Leopold III fan Belgje op 25 maaie 1940 petearen mei syn ministers. Nei de oarloch hiene dy petearen de keningskwestje ta gefolch.
- Kastiel d'Aertrycke.
- Kastiel Ravenhof.
Oars
bewurkje seksje- It eardere stedhûs oan it Merkplein waard yn 1713 y 'e styl fan de Dútske barok boud.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Torhout
|
West-Flaanderen | |
---|---|
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem | |
· · |