Ruiselede is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat mear as 5000 ynwenners.

Ruiselede
Gemeentehûs
Gemeentehûs
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 5.377 (2021)[1]
Oerflak 30,62 km²
Befolkingsticht. 176 ynw./km²
Oar
Postkoade 8755
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 2' N 3° 23' E
Lokaasje Ruislede yn it arrondissemint Tielt yn 'e provinsje West-Flaanderen
Lokaasje Ruislede yn it arrondissemint Tielt yn 'e provinsje West-Flaanderen
Offisjele webside
ruislede.be

Argeologysk ûndersyk yn de Ommegangstraat fan Ruiselede wize spoaren fan bewenning út it neolitikum út. Fral út de izertiid (800-57 f.Kr.) en de iere Romeinske tiid is dêr in soad fûn. Ek waard in seldsum grêffjild mei in rike grêfskat ûntdutsen.

Ruiselede waard yn it jier 1106 foar it earst as Rusleda neamd. Ut dat dokumint fan de Sint-Bertinusabdij die bliken dat de abdij it rjocht hie om de pastoar fan Ruiselede te beneamen. Yn de midsiuwen bestie de hjoeddeiske gemeente út in grut tal hearlikheden.

Al oan it begjin fan de 14e iuw waard Ons Vrauwe van Ruslede (Us Leaffrou fan Ruiselede) neamd as plak foar in strafbeafeart. Yn de 17e iuw waard de tsjerke ferboud nei't dy yn 1645 foar in part fernield wie. Yn 1688 waard in spinhûs stifte, fan werút letter de kongregaasje fan de Susters fan Us-Leaffrou fan de Sân Smerten (yn it Flaamsk: Onze Lieve Vrouwe van de Zeven Weeën) ûntstie. Harren kleaster stiet noch jimmeroan yn Ruislede.

Op in úthoeke fan de gemeente stifte de Belgyske steat yn 1849 op de grins mei Wingene en Beernem in ynstelling foar omrinnend folk, wezen en bern, dêr't net op past waard. Dy ynstelling stifte in túnbouskoalle dy't yn 1884 it foarbyld waard foar de túnbouskoalle yn Frederiksoard.

Ruislede waard nei in fûle striid op 8 septimber 1944 troch de 1e Poalske Pânserdifyzje befrijd. De Fredeskapel yn 'e Aalterstraat en de namme Polenplein, mei in keunstwurk fan Jef Claerhout, betinke de befrijing fan de nazy's.

Gemeentefúzje

bewurkje seksje

Op moandei 25 april 2022 makke de gemeente bekend om op 1 jannewaris 2025 te fusearjen mei de oanbuorjende gemeente Wininge. By in net-binend referindum die bliken dat mei in opkomst fan 42,6 in mearderheid 91,5% fan de befolking tsjin dat foarnimmen is. Dochs binne yn 't lêst fan 2022 de earste stappen set om de gemeenten yn 2025 gear te foegjen.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Wynmûne Hostens
  • Al goed sân iuwen stiet Ruiselede bekend om syn Marijeferearing. Fan de eartiidske ommegong binne noch in grut tal kapellen bewarre bleaun.
  • Healwei de 19e iuw stiene der yn de gemeente mear as 10 wynmûnen. Ienris yn 'e trije jier wurde yn Ruiselede de saneamde mûnefeesten organisearre. Tsjintwurdich hat de gemeente noch twa wurkjende wynmûnen: de Hostesmolen en de Knokmolen.
  • De Marije-Himelfearttsjerke datearret út de jieren 1873-1876.
  • It neogoatyske gemeentehûs fan Ruiselede waard tusken 1873 en 1876 boud.
  • Tusken de Bruggestraat en de Pensionaatsstraat leit it grutte kompleks fan gebouwen fan de Susters fan Us-Leafrou fan de Sân Smerten.

Yndieling gemeente

bewurkje seksje

Njonken it plak Ruislede bestiet de gemeente út noch twa doarpen. Doomkerke waard yn 1876 in parochy en Kruiskerke yn 1947. By de fúzjeweach fan gemeenten yn 1977 bleau de gemeente selsstannich.

Nû. Namme Kaart
I Ruiselede  
II Doomkerke
III Kruiskerke

Befolkingsferrin

bewurkje seksje

De histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente.

  • Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Ruiselede


West-Flaanderen  
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
  ·   ·