Ardooie is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. It doarp leit 7 kilometer noardeastlik fan de stêd Roeselare . De gemeente hat 9.083 ynwenners (12/11/2020) en de ynwenners wurde 'Ardooienaars' neamd.

Ardooie
Slot fan Ardooie
Slot fan Ardooie
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 9.195 (2022)[1]
Oerflak 34,92 km²
Befolkingsticht. 263 ynw./km²
Oar
Postkoade 8850--8851
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 58' N 3° 11' E
Lokaasje Ardooie yn it arrondissemint Tielt yn 'e provinsje West-Flaanderen
Lokaasje Ardooie yn it arrondissemint Tielt yn 'e provinsje West-Flaanderen
Offisjele webside
ardooie.be

Oan 'e ein fan 'e 19e iuw binne in oantal foarwerpen út it neolityske tiidrek fûn. It plak waard yn 847 as Hardoga neamd, letter (H)ardoye. Der soe doe in tsjerke west hawwe.

Yn it feodale tiidrek wiene der ferskate hearlikheden yn it gebiet, de belangrykste hearlikheid wie eartiids yn hannen fan de famylje Van Ardoye. Oan 'e ein fan de 13e iuw kaam de hearlikheid troch houlik yn hannen fan de famylje Van Lichtervelde en dêrnei ferskillende oare famyljes.

De krite hie yn de 16e iuw slim te lijen fan de godstsjinstoarloggen en yn 1572 soene byldestoarmers de tsjerke ferniele, mar dy waarden ferjage. De ynfal fan Malkontinten yn 1578 late ta plondering en de flecht fan in diel fan 'e befolking. Yn 1624 waard in krúswei stifte, wêrfan't oan de Stasjonsstrjitte noch ien staasje bewarre bleaun is.

Yn 'e 18e iuw wie it linneweven in wichtige boarne fan ynkomsten foar in pear hûndert wevers. Der wiene yn 'e 19e iuw ek in soad húswevers. Om 1840 stoarte dy yndustry yn, mar yn 1880 waard yn it buorskip Tasse in yndustriële weverij oprjochte. Sûnt 1880 waard fan flaaks en nôt oerskeakele op it hâlden fan fee, ierdappels en sûkerei. Mear yndustry ûntstie yn it begjin fan de 20e iuw.

Yn de Earste Wrâldkriich, benammen yn 1918, waard it doarp slim troffen. De weromlûkende Dútsers blaasden doe de tsjerke op.

 
Kriichsmonumint

De Dútsers bombardearren op 26 maaie 1940 de Sint-Martinustsjerke, dy't dêrnei ôfbaarnde. Op 27 maaie 1940 folge de besetting fan Ardooie. De befrijing folge op 8 septimber 1944 troch de Poalske 1e Pânserdifyzje. De slachtoffers fan de oarloch wurde betocht by it Ardooiske kriichsmonumint.

Tusken 1950-1970 ferdwûn de sûkerei en tabak en kaam de yntinsive feehâlderij en túnbou op en der ûntstie ek de ferwurkingsyndustry fan túnbouprodukten. Yn 1977 fusearre Ardooie mei Koolskamp ta de hjoeddeiske fúzjegemeente Ardooie.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • De goatyske tsjerketoer fan de Sint-Martinustsjerke is sûnt 1939 in beskerme monumint.
  • It slot fan Ardooie mei it provinsjale domein 't Veld.
  • De Rysselende mûne is yn 1855 boud.

Yndieling gemeente

bewurkje seksje

De gemeente bestiet út twa dielgemeenten: Ardooie en Koolskamp. Yn 'e dielgemeente Ardooie leit noch in doarp en in buorskip. It doarp Tasse leit in pear kilometer westlik fan it plak Ardooie op de grins fan Roeselare. Yn it easten leit noch de buorskip Sneppe, dy't foar it measte yn 'e oanbuorjende gemeente Meulebeke leit. Yn 'e dielgemeente Koolskamp leit oan de ferbiningswei tusken Koolskamp en Beveren noch de kearn De Kortekeer.

Nû. Namme Oerflak Ynwennertal Kaart
I
 
(III)
(IV)
Ardooie
- Ardooie
- Tasse
- Sneppe
24,14
 
 
 
6.853
 
 
 
 
II Koolskamp
-De Kortekeer
10,43 2.296
Boarne: Alle Cijfers[2]

Befolkingsferrin

bewurkje seksje

Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.

  • Bronnen:NIS, Opm:1831 tot en met 1981=volkstellingen; 1990 en later= inwonertal op 1 januari

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Ardooie


West-Flaanderen  
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
  ·   ·