Ierdappel

(Trochferwiisd fan Ierdappels)

De ierdappel, earpel, ierpel, jirpel, ierappel of rjappel (Solanum tuberosum) is in soarte plant fan 'e klasse fan 'e blomplanten (Antophyta), it skift fan 'e ierdappeleftigen (Solanales), de famylje fan 'e ierdappelplanten (Solanaceae) en it skaai fan 'e ierdappelplanten (Solanum). Dizze plant foarmet knollen ûnder de grûn, dy't stiselmoal befetsje en tige streksum binne. De ierdappel is oarspronklik ôfkomstich út Súd-Amearika en waard koart foar de ein fan 'e sechstjinde iuw foar it earst troch weromkearende ûntdekkingsreizgers yn Jeropa yntrodusearre. Tsjintwurdich foarmje ierdappels de haaditensboarne foar de befolking fan in grut tal lannen, benammen yn Jeropa, mar ek yn oare dielen fan 'e Westerske wrâld. Fierders wurdt de ierdappel ek almar mear yn ûntwikkelingslannen ynfierd. Neist rys, pasta en bôle is de ierdappel no ien fan 'e wichtichste boarnen fan koalhydraten fan 'e wrâld.

ierdappel
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift ierdappeleftigen (Solanales)
famylje ierdappelplanten (Solanaceae)
skaai ierdappelplanten (Solanum)
soarte
Solanum tuberosum
Linnaeus, 1753

Fiedingswearde

bewurkje seksje

Krekt as rys, pasta en bôle is de ierdappel in wichtige boarne fan koalhydraten. Ierdappels befetsje ek fitamine B6 en fezels.

Trochsneed fiedingswearden fan ierdappels (sa't op de ferpakking stiet), tamakke lykas meast wenst:

Fiedingswearde
Enerzjy
Fetten
- wêrfan fersêde fetsoeren
Koalhydraten
- wêrfan sûkers
Fezels
Aaiwiten
Sâlt
de 100 g
kJ 362, kkal 86
0,4 g
0,1 g
17,9 g
0,4 g
1,5 g
1,7 g
< 0,1 g

De ierdappel komt fan oarsprong út Súd-Amearika (Perû en de noardlike helte fan Sily om presys te wêzen) en waard troch ûntdekkingsreizgers meinaam nei Jeropa. Earst waard hy net as iten brûkt omdat tocht waard dat de hiele plant giftich wie. Boeren wiene yn 't earstoan dan ek net happich op it ferbouwen fan ierdappels. Earst yn 1727 waard de ierdappel yn Nederlân erkend as fiedsel. Dat barde yn Fryslân, dêr't dan ek in ferskaat fan ierdappelsoarten weikomme en kweekt binne. Stadichoan krige de ierdappel dochs linkendewei mear de rol fan folksiten en yn de 18e iuw waard de ierdappel yn alle Jeropeeske lannen ferboud. Troch it hege gehalte oan fitamine C waard de knol ek brûkt om skuorbot op lange seereizen foar te kommen.

Geert Veenhuizen (ûnder oare eigenheimer en reade star) en Kornelis Lieuwes de Vries (Bintje) wiene Nederlanners dy't har yn de 19e en 20e iuw dwaande holden mei de tylt en ûntjouwing fan de ierdappel.

 
Ferskate skylkleuren.

In oantal bekende ierdappelsoarten binne:

Wrâldwiid binne der sa'n 4.000 ierdappelrassen,[1] dêr't sa'n 200 fan yn België en/of Nederlân kweekt wurde.

De trochsneed wrâldboarger iet yn de earste dekade fan de 20e iuw sa’n 33 kilo ierdappels jiers. De pleatslike populariteit fan de ierdappel is slim wikseljend en kin samar feroarje. It is in wichtich gewaaks yn Jeropa (benammen East- en Sintraal-Jeropa), dêr’t de produksje steesoan de heechste fan de wrâld is, mar de grutste groei sit him de lêste dekades yn Súd- en East-Azië. Sina is no de grutste produsint en sawat in tredde fan de wrâldproduksje sit yn Sina en Yndia. [2]

Ierdappels ferbouwe is mei net al tefolle wurk goed te dwaan en hy past him ridlik goed oan oan de ferskate klimaten, as it mar koel en wiet genôch is foar de plant om wetter út de grûn te heljen om de stiseleftige knol foarmje te kinnen. Ierdappels binne wol o sa fetber foar sykten.

 
Beien fan ierdappel.

Nei’t de grûn troch lânwurk ree makke is, wurde de setters yn de grûn treaun. Foar in gewoane tylt wurde de poaters yn april/maaie set en mei in bytsje grûn bedutsen. Dat kin mei in setmasine. De ierdappels wurde yn rêgen tylt. Yn de rin fan de waakstiid wurde dy in pear kear opstrutsen mei help fan in opstriker. Dêrby wurdt oan wjerskanten in bytsje grûn oer de woartels fan de plant skood. Dêrtroch bliuwe de woartels hieltyd goed ûnder de grûn sadat der gjin griene knollen ûntsteane en sa de rêch dêr’t de ierdappels yn waakse ek ûntstiet.

Foar’t de ierdappels dolt wurde, wurdt it gewaaks lofklapt en/of deaspuite. Troch dat deameitsjen fan it lôf behurdet de skyl, wêrtroch’t de by it dollen minder skeind wurde. De ierdappels wurde mei in ierdappeldoller út de grûn helle. Ofhinklik fan it ras wurdt der betiid, heal-betiid of let rispe.

In probleem by ierdappels is it stjitblau, dat ûntstiet trochdat de ierdappels by of nei it dollen skansearje troch ûnder oare in te grutte falhichte, drukplakken, smiten of stjitten. By in lege temperatuer nimt de gefoeligens foar stjitblau ta. Under de skyl ûntsteane blauwe plakken, dy’t by it skilen in soad ferlies opsmite. De blauwe plakken ûntsteane trochdat yn stikkene sellen it aminosoer tyrosine en fenolen omset wurde yn it brúngrize of blauswarte melanine.

Eartiids waarden de ierdappels winterdeis yn in bult (kûle) opslein op it lân. Dy bult waard mei reid of strie ôfdutsen, omdat de ierdappels ûnder ynfloed fan ljocht oars grien wurde. By it bewarjen wurdt nei in hoart, ôfhinklik fan it ras, de sprútrêst ferbrutsen en begjint de ierdappel út te rinnen. Dêrom wurde ierdappels gauris mei guod behannele dat it spruten opkeard. In natuerlike sprútkearder is karvon. Yn it tsjuster ûntsteane by it útrinnen lange, wite spruten. It útrinnen is tsjin te gean troch de spruten geregeldwei te ferwiderjen.

Tiden yn it jier

bewurkje seksje

De tylt fan ierdappels duorret meiïnoar altyd sawat fiif moanne en kin op ferskate stuiten yn de winter en de maitiid úteinsette. De folgjende fjouwer haadperioades wurde oantsjut:[3]

  • Betiid: febrewaris - juny
  • Heal-betiid: maart - july
  • Heal-let: april - septimber
  • Let: maaie - oktober

Syktebestriding

bewurkje seksje

Yn it seizoen wurdt, ôfhinklik fan it waar, troch de measte kwekers alle 7 oant 10 dagen mei in gewaaksbeskermingsmiddel spuite tsjin de ierdappelsykte (phytophthora). De needsaak fan gemyske bestriding is allinnich te beheinen troch safolle mooglik resistinte rassen te nimmen. Mei help fan planteferedeling, bygelyks troch genetyske modifikaasje wurdt besocht om mear resistinte rassen te kweken, mar dat proses ferrint dreech.

By it kweken fan ierdappelrassen lykas Bintsje, Bildtstar en Eigenheimer wurde relatyf in soad gewaaksbeskermingsmiddels brûkt. Ierdappels út de gongbere tylt dêr’t minder miljeubestridingsmiddels by brûkt wurde, binne ûnder oare Doré, Escort, Alpha, Van Gogh en Santé.[4]

Sykten en pleagen

bewurkje seksje

Ierdappels binne fetber foar ferskate plantesykten en pleagen. Dat binne bygelyks:

skimmels ierdappelsykte (phytophthora)  
alternaria  
fusarium (drûchrot)  
lakskurft  
netskurft (Streptomyces spp.)  
sulverskurft  
wylsykte
wartsykte  
baktearjes stâlewietrot
swartskonkigens  
brúnrot
ynsekten blêdlús  
ierdappelkrobbe  
nematoaden
ierdappelwurgens (ierdappelsyste-ieltsje)
Globodera rostochiensis
Globodera pallida
 
woartelknobbelieltsjes
Meloidogyne hapla
Meloidogyne chitwoodi
Meloidogyne fallax
 
ferskate firussen en firoïden blêdrolfirus
ierdappel X-firus
ierdappel Y-firus
ierdappel S-firus
ierdappelspindelknolfiroïde (PSTVd)

Biologyske tylt

bewurkje seksje

Yn de biologyske ierdappeltylt wurdt net spuite. It gefolch is wol, dat it groeiseizoen daliks oer is sadree’t in persiel op gruttere skaal rekke wurdt troch phytophthora. Lytse besmettings kinne noch útrûge wurde troch de planten pleatslik dea te brânen. Fóár de rispinge wurde de planten op it hiele persiel deabaarnd. Troch iere besmetting wurdt der gâns minder rispe by de biologyske tylt en mei’t dy besmetting frijwat ritich is binne de jieropbringsten slim wikseljend. Om’t biologyske produkten meast streekrjocht oan de klant ferkocht wurde, leannet de tylt dochs.

 
Bloeiend ierdappelras Doré.

Yn it foarste plak is de boer sels ferantwurdlik foar de kwaliteit en sûnens fan de ierdappels. Lykwols binne der (strange) kontrôles, sawol op it lân as by it bewurkjen (bewarjen, lêzen, sortearjen) fan ierdappels. Dy kontrôle wurdt dien troch de NAK[5]. De NAK hâldt de sûnens, rassuverens en kwaliteit yn de gaten. Der binne sa’n 85 karmasters aktyf dy’t om ende by 38.000 hektare poaters beöardielje. Partijen ierdappels dy’t oan alle easken foldogge wurde troch de NAK sertifisearre. Sûnder sertifisearring troch de NAK binne ierdappels net te ferhanneljen.

Top ierdappelprodusearjende lannen

bewurkje seksje

Nettsjinsteande it lytse oerflak stiet Nederlân wol yn de top tsien fan ierdappelprodusearjende lannen.

Lân Miljoen metrike ton (2013)
  Sina 88.9
  Yndia 45.3
  Ruslân 30.2
  Oekraïne 22.3
  Feriene Steaten 19.8
  Dútslân 9.7
  Banglades 8.6
  Frankryk 7.0
  Nederlân 6.8
  Poalen 6.3
Wrâldtotaal 368.1
Boarne: FAOSTAT[6]

Posysje Nederlân en Fryslân

bewurkje seksje

Yn Nederlân wurde boud:

De grutste arealen oan ierdappels yn Nederlân binne foar konsumpsje-ierdappels Flevolân, Seelân en Noard-Brabân. Yn de feankoloanjes yn Drinte en Grinslân wurde in soad fabryksierdappels boud foar it winnen fan setmoal. Yn it noarden, troch minder luzen, poaters.

De meast ferboude ierdappel hat 2n=48 gromosomen en is in tetraploïde plant, dêr’t alle gromosomen fan ien plant ôfkomme (autoploïde). Ierdappels wurde hast altyd kweekt fan ién inkelde kloon mei sa goed mooglike genen. Alle ‘bintsjes’ komme bygelyks fan ién kloon. Sûnt koart is der in nije wize fan ierdappelferedeling ûntwikkele wêrby’t der fan diploïde planten út sied, troch selsbestowing fan inkelde generaasjes homozygoate âlderlinen makke wurde. Dy âlderlinen wurde brûkt om hybride ierdappelsied te meitsjen.[7]

  Nederlân Fryslân
  2000 2005 2014 2015 2016 2000 2005 2014 2015 2016
Ierdappels, totaal are 18.016.160 15.578.061 15.625.247 15.651.111 15.789.953 882.937 785.397 840.379 840.920 840.916
— Konsumpsje-ierdappels 8.741.303 6.582.921 7.406.842 7.173.565 7.332.080 146.880 103.274 139.874 124.626 125.548
— Poatierdappels 4.180.152 3.926.211 3.987.369 4.184.803 4.140.509 699.510 661.087 684.161 698.112 697.581
— Setmoalierdappels 5.094.705 5.069.029 4.231.036 4.292.743 4.317.364 36.547 21.036 16.344 18.182 17.786
Bedriuwen, totaal tal 15.267 10.458 9.324 9.507 9.569 560 421 350 357 343
— Bedriuwen, konsumpsje-ierdappels 10.887 7.035 6.779 6.742 6.813 306 170 168 147 155
— Bedriuwen, poatierdappels 3.273 2.324 2.321 2.419 2.294 429 327 281 288 265
— Bedriuwen, setmoalierdappels 2.916 2.049 1.409 1.508 1.594 25 13 14 21 18
Boarne: CBS[8]

Ierdappelgerjochten

bewurkje seksje

Bildtse Aardappelweken

bewurkje seksje

Yn 2018 sille de Biltske Ierdappelwiken heve. It programma omfiemet ûnder oare de poëtyske bân tusken Malta en Fryslân mei de ierdappel as ferbinend elemint, lokaasjefoarstellings mei (ierdappel)keunst sintraal, in grut Frysk-Malteesk ierdappelmiel oan de Aldebiltdyk, besichtiging fan de gewaaksen op It Bilt, in agrarysk sympoasium en in skoalleprojekt. Foar de poézij oer en om de ierdappel hinne wurkje û.o. mei: Geart Tigchelaar, Janneke Spoelstra, Simon Oosting, Tsead Bruinja, Yva Hokwerda, Arjen Dijkstra, Baukje Wytsma, Ben Cami, Hans Andreus, Jantsje Post, Achille Mizzi, Fra Gioele (Joe P. Galea), Jesmond Sharples, Josef Borg, Manwel Cassar en Omar Seguna. [9]

Der binne mar twa dingen yn 'e wrâld dy't in man sels útsykje moat:
In ierdappel en in wiif.[10]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://news.nationalgeographic.com/news/2002/06/0610_020610_potato.html
  2. url=http://www.springerlink.com/content/x337773202025363/
  3. Bosatlas van het voedsel, Noordhoff Utjouwers, 1e pr, 2014, p. 30
  4. Milieuloket
  5. http://www.nak.nl/aardappelen
  6. url=http://faostat.fao.org/site/567/DesktopDefault.aspx?PageID=567#ancor
  7. Lindhout, P. et al. Towards F1 Hybrid Seed Potato Breeding. Potato Research (2011) 54:301–312. http://link.springer.com/article/10.1007%2Fs11540-011-9196-z
  8. url=http://statline.cbs.nl/Statweb/publication/?DM=SLNL&PA=80780NED&D1=24-31,90-97&D2=0,6&D3=0,5,14-16&HDR=G1,G2&STB=T&VW=T
  9. http://www.bildtseaardappelweken.nl
  10. Simke Kloosterman/Wieke de Haan, 'De Fryske Petiele en wat der op en yn leit', s. 85. De Tille, Ljouwert 1986
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Potato fan Wikimedia Commons.