Wylsykte of ferwylgingssykte (feroarsake troch Verticillium-spesys, beskate skimmel-soarten) is in soad foarkommende plantesykte, dy’t ûnder oare foarkomt by de tomaat, ierdbei, luzerne, kastanje, passyblommen en de eskdoarn. Dizze sykte kin ek túnplanten, lykas grutblommige klematissen oantaast; mar komt gewoanwei faker foar yn de broeikas of tropyske tún.

wylsykte
Verticillium theobromae
Verticillium theobromae
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
ryk: skimmels (Fungi)
stamme: Ascomycota
klasse: Incertae sedis
skaai: Verticillium

Dizze skimmels komme faak foar yn wiete grûn en kinne ferspraat wurde troch messen en snoeiskjirren by it snoeien. De skimmel kringt de plant fia de woartel yn en fersteurt de sopstream dêr’t de plant troch ferwilet en ôfstjert.

Ynfektearre planten moatte ferneatige wurde en de grûn dêr’t se yn waakse moat ôffierd wurde om fierdere besmetting foar te kommen. Foardat der nije planten oanplante wurde kinne moat de grûn ûntsmet wurde mei in grûnsterilisator.

Yn de kultuerierdappel binne resistinsjegenen identifisearre en klonearre (Kawchuck en Simko).