Opperdoezer Ronde

De Opperdoezer Ronde is in ierdappelras dat allinnich om it Noard-Hollânske doarp Opperdoes hinne ferboud wurdt. It ras tieret allinne op de wat heger lizzende savelige grûn yn dizze hoeke fan West-Fryslân.

De Opperdoezer Rûne mei de tinne skyl.

Yn Opperdoes waarden fan 1860 ôf foaral njoggenwikers ferboud, in hurd groeiende ierdappel, dy't al betiid yn it seizoen dold wurde koe. De njoggenwikers waarden krúst mei út siedballen kweekte fariaasjes fan de plant, troch de Andykske túnder J. Sluis. It resultaat waard yn 't earstoan de slús neamd. Troch feredeljen fan dizze ierdappel ûntstie doe de Opperdoezer Ronde.

Fanwege de tige kwetsbere skyl wurdt de ierdappel mei de hân dold. De earsten kinne al yn maaie roaid wurde, as dizze teminsten yn plestik tunnels waakse. Ierdappels út de kas kinne sels al yn april rispe wurde. De hiele rispinge is yn els gefal foar ein septimber út de grûn, dat de Opperdoezer Ronde is in betide ierdappel.

De Rûne is in konsumpsjeierdappel mei in giele skyl, dy't nei it sieden fêst bliuwt. Offisjeel hjit it dat de ierdappel 'in giel/wyt fleizige, ûnregelmjittich foarme, ovaalrûne, djipeagige knol mei in frij leech setmoalgehalte is. Dêrom wurdt de Opperdoezer Ronde troch kenners as delikatesse beskôge. De ierdappel befettet in protte fitamines en aaiwiten. De ierdappel is geskikt om te sieden te en bakken om't er in fêstsieder is.

De Opperdoezer Rûne is in beskerme oarsprongsnamme.

Keppeling om utens

bewurkje seksje