Andyk
Gemeente Andyk
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | |||||||
Provinsje | Noard-Hollân | ||||||
Boargemaster | |||||||
Haadplak | Andyk | ||||||
Oerflak - wetter |
47,70 km² - 26,71 km² | ||||||
Ynwenners | 6.488 | ||||||
Ferkearsieren | gjinien | ||||||
Netnûmer | 0228 | ||||||
Postkoades | 1619 | ||||||
Offisjeel webstee | www.andijk.nl |
Andyk (Nederlânsk en offisjeel: Andijk, Westfrysk: Andoik) is in doarp en eardere gemeente yn 'e krite West-Fryslân fan 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente waard yn 1817 oprjochte as ôfspjalting fan Wervershoof en gie op 1 jannewaris 2011 op yn Medemblik. De gemeente Andyk lei oan 'e Iselmar en hie in oerflak fan 47,70 km², wêrfan 26,71 km² wetter.
Oare plakken (as Andyk) yn 'e eardere gemeente wiene: de buorskippen Bangert en Tsjerkebuorren (Kerkbuurt).
It doarp Andyk is ûntstien oan de Suderseedyk, en leit hieltiid noch oan de noardkant fan de gemeente. Besuden it doarp hearde ek noch in part fan 'e polder It Grutslach ta de gemeente. De gemeente Andyk waard begrinzge troch de Bokkesleat as grins mei de gemeente Inkhuzen, de Kadyk as grins mei de gemeente Steed Broek, en de Feartsleat as grins mei de gemeente Wervershoof.
Untwikkeling ynwennertalBewurkje
- 2006 - 6.470 (1 jannewaris)
- 2005 - 6.421 (1 juny)
DoarpsbyldBewurkje
Sicht op de grifformearde tsjerke fan Andyk fan arsjitekt Egbert Reitsma.