Ierdappelplanten (famylje)
De ierdappelfamylje (Solanaceae) is in famylje fan bedutsensieddige planten. De famylje hat in soad fergiftige planten lykas de hûnebei, dy’t foar in part as medisyn brûkt wurde kin, mar ek bekende nutsgewaaksen lykas de ierdappel, de antruwa, de auberzjne, de paprika en de tomaat. Oare bekende planten binne de gewoane tabaksplant en ‘'Petunia. Dy lêste wurdt krekt as ‘'Brugmansia om syn sierlike blommen kweekt.
ierdappelplanten | ||
Lampionplant | ||
Taksonomy | ||
ryk: | planten (Plantae) | |
(sûnder rang): | draaiplanten (Streptophyta) | |
ûnderryk: | lânplanten (Embryophyta) | |
boppestamme: | faskulêre planten (Tracheophyta) | |
stamme: | blêdplanten (Euphyllophyta) | |
(sûnder rang): | ranke planten (Lignophyta) | |
boppeklasse: | siedplanten (Spermatophyta) | |
klasse: | bedutsensieddigen (Angiospermae) | |
(sûnder rang): | twasiedblêdigen | |
(sûnder rang): | lamiïden | |
skift: | ierdappeleftigen (Solanales) | |
famylje: | ierdappelplanten (Solanaceae) | |
Juss., 1789 |
De famylje hat goed 95 skaaien en mear as 2300 soarten - neffens guon yndielings sels mear as 3000 soarten. Yn it bysûnder yn Súd- en Midden-Amearika is de famylje rom ferspraat.
De planten binne krûdeftige planten of lytse struken. De blêden om en om tsjinoersteand, de blommen binne punt-symmetrysk en hawwe in karakteristyk fruchtbegjinsels dat út twa hokjes bestiet, De frucht binne beien of doasfruchten.
De wurksume stoffen binne faak neurotoksyske alkaloïden, lykas atropine en nikotine, dy’t it senuwstelsel fan minsken en in soad bisten beynfloedzje kinne.
Ynterne taksonomy
bewurkje seksjeWat de ynterne taksonomy fan dizze famylje oangiet is der net in soad oerienstimming. It is net ûngebr^lik om ûnderfamyljes te ûnderskieden, mar hokke dat wêze moatte is dan wer in oare fraach. Yn de omskriuwing lykas hantearre troch it APG II-systeem (2003) is de famylje grutter as earne oars oanommen wurdt: se omfiemet dan nammentlik ekde planten dy’t foarhinne de famyljes Duckeodendraceae, Goetzeaceae en Nolanaceae foarmen.
Eksterne links
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Solanaceae fan Wikimedia Commons. |