Bredene
Bredene (Westflaamsk: Brèinienge ) is in Belgyske gemeente yn de provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat likernôch 18.000 ynwenners (2021).
Bredene | ||
Bredene-doarp | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 18.167 (2022) | |
Oerflak | 14,25 km² | |
Befolkingsticht. | 1.275 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8450 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 14' N 2° 58' E | |
Offisjele webside | ||
webstee gemeente |
Bredene is populêr by kampearders troch de mear as 30 campings op it gemeentegebiet. De wichtichste boarne fan ynkomsten foar de gemeente is it toerisme.
Bredena hat as it iennige Belgyske baailak in nudistestrân. De kust fan de gemeente wurdt beskerme troch in ûnûderbrutsen rige dunen.
Yndieling gemeente
bewurkje seksjeBredene hat gjin dielgemeenten lykas oare Belgyske gemeenten, mar bestiet út trije kearnen:
- It doarp Bredene is is âldste diel fan de gemeente en nimt likernôch twa kilometer fan de kust yn beslach.
- Yn it suden leit tusken it kanaal Brugge-Oostende en de spuikom fan Oostende Sas-Slijkens
- De toeristyske kearn Bredene-Duinen (ek: Bredene-Ba of Bredene aan Zee) wurdt foarme troch de ûnûnderbrutsen dunerige.
De trije gemeenten hawwe gjin skerpe grinzen en foarmje ien beboud gehiel, dat oanslút op de haven fan Oostende en Oostende sels. Fanwegen de útwreiding fan dy haven ferlear de gemeente Bredene oan de westlike kant ferskillende kearen grûngebiet. In lêste grinsferoaring waard yn 1970 útfierd.
Nû. | Namme | Kaart |
---|---|---|
I | Bredene-Dorp | |
II | Bredene-Duinen | |
III | Sas-Slijkens |
Gea
bewurkje seksjeBredene leit oan de Noardsee ynklamme tusken de haven fan Oostende en in gebiet mei in grut tal campings. Njonken de rige dunen is der in strân. Yn it easten leit it natoergebiet D'Heye, dat út âlde dunen bestiet. Tusken de campings leit it rekreaasjegebiet Grasduinen.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De trije parochytsjerken fan Bredene binne it besjen wurdich.
- De fiskerskapel út 1736 is in beafearttsjerkje foar fiskers.
- Kening Albert I stifte it ynstitút Koninklijke Werk IBIS yn Sas-Slijkens.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeAlle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.
- Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Bredene
|
West-Flaanderen | |
---|---|
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem | |
· · |