Jabbeke is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat goed 13.500 ynwenners en leit oan de autodyk E40. De beskermhillige fan Jabbeke is de hillige needhelper Blasius.

Jabbeke
Sint-Blasiustsjerke fan Jabbeke
Sint-Blasiustsjerke fan Jabbeke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 14.222 (2022)
Oerflak 53,86 km²
Befolkingsticht. 264,05 ynw./km²
Oar
Postkoade 8490
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 10' N 3° 5' E
Offisjele webside
webstee gemeente
Kaart
Jabbeke (West-Flaanderen)
Jabbeke

It doarp Jabbeke ûntstie op de grins fan it skoarregebiet en 'Zandig Vlaanderen', dat beynfloede waard troch de see. De skoarrewâlen waarden stadichoan weromwûn en yn de 9e iuw is mooglik in parochy ûntstien, dy't al yn de 10e iuw dokumintearre wie: it patronaatsrjocht wie doe yn hannen fan de biskop fan Doarnik. Yn 961 waard Jabbeke foar it earst as 'Jabeca' skriftlik neamd. Der stie in kastiel dat sûnt de 15e iuw bewenne waard troch de famylje Van Straten en letter troch de famylje Van Haverskercke.

It doarp hie yn 1488 te lijen fan plonderingen fan de troepen fan Maksimiliaan fan Eastenryk en fan de geuzen yn 1579. Yn de 17e iuw waarden de lângoeden fan it kastiel ferkocht oan de famylje Van Caloen, yn 1800 troch erfenis oan Van Larebeke en dêrnei troch ferkeap oan burggraaf Du Bus de Gisignies. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it lângoed ferkavele en feroare yn in fillapark, it Flaminckapark.

It stasjon Jabbeke waard yn 1838 foltôge en yn 1993 waard it wer sletten Yn 'e Earste Wrâldkriich brûkte de Dútske besetter it stasjon om oarlochsmateriaal nei it front te stjoeren.

Njonken Jabbeke bestiet de gemeente út de dielgemeenten Snellegem, Stalhille, Varsenare en Zerkegem. De doarpen Snellegem en Zerkegem lizze besuden Jabbeke, wylst Stalhille noardlik fan it kanaal Brugge-Oostende leit. Varsenare leit yn it easten, oan de stêdekloft fan de provinsjale haadstêd Brugge.

Nû. Plaknamme Oerflak Ynwenners (2005) Kaart
I Jabbeke 13,44 4.435  
II Stalhille 10,90 679
III Varsenare 10,21 5.038
IV Snellegem 11,08 1.749
V Zerkegem 8,08 1.716

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • It Provinsjaal Museum Constant Permeke
  • De Sint-Blasiustsjerke
  • Mûne fan Kerrebroeck

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Jabbeke


West-Flaanderen  
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
  ·   ·