De Haan (West-Flaanderen)

De Haan (Frânsk: Le Coq) is in plak en gemeente oan 'e kust yn 'e Belgyske provinsje West-Flaanderen.

De Haan (West-Flaanderen)
Emblemen
               
Polityk
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 12.783 (2022)[1]
Oerflak 46,14 km²
Befolkingsticht. 277 ynw./km²
Oar
Postkoade 8420-8421
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 16' N 3° 2' E
Lokaasje De Haan yn it arrondissemint Oostende yn 'e provinsje West-Flaanderen
Lokaasje De Haan yn it arrondissemint Oostende yn 'e provinsje West-Flaanderen
Offisjele webside
dehaan.be

De gemeente hat goed 12.000 ynwenners (wêrfan't sa'n 5.200 yn it baaiplak De Haan-Sintrum, sa'n 3.800 yn it baaiplak Wenduine en de rest yn Klemskerke, Vosseslag, Harendijke en Vlissegem). Toerisme is in wichtige boarne fan ynkomsten yn 'e gemeente.

Patroanhillige fan De Haan is Sint-Monika. It wiene benammen de Augustinen en Augustinessen dy't de ferearing fan dy Berberske hillige en mem fan Augustinus fan Hippo oantrunen.

 
It tramstasjon fan De Haan

De dielgemeente Klemskerke is in âld polderdoarp, dat foar it earst yn it jier 1003 as Clemeskirca neamd waard. It tsjintwurdige plak De Haan ûnstie pas yn 1889, doe't kening Leopold I syn tastimming joech om yn in diel fan de dunen te bouwen. Hy liet dêr earder al yn 1886 in tramline oanlizze, dy't de lokaasje berikber makke.

Al yn 1888 waard tichteby de tramhalte it earste hotel iepene. Oars as yn oare baaiplakken oan de Belgyske kust waard heechbou fan mear as fiif ferdjippings ferbean yn De Haan-Sintrum. Ek moasten alle huzen frijsteand wêze mei in tún der om hinne en mocht de bou allinne yn Anglo-Normandyske styl plakfine. Dat lêste is tsjintwurdich net mear fan tapassing.

Yn it jier 1977 waarden de earder selsstannige gemeenten Wenduine, Vlissegem end Klemskerke by de gemeente De Haan weryndield.

 
Byld Eternity-Poseidon
(Xu Zhen)

Yndieling gemeente

bewurkje seksje

De Haan bestiet út de dielgemeenten Klemskerke, Vlissegem en Wenduine. Wenduine leit ek oan de kust, wylst de âlde polderdoarpen Klemskerke en Vlissegem in pear kilometer it binnenlân ynlizze. It noch jonge De Haan (yn 'e regel as De Haan-Sintrum oantsjut) foarmet foar in part ûnderdiel fan de dielgemeente Klemskerke en foar in oar part ûnderdiel fan de dielgemeente Vlissegem. Yn de dielgemeente Klemskerke leit fierder noch it buorskip Vosseslag (d'Heye), wêrfan't de bebouwing op dy fan de gemeente Bredene oanslút. It lytse Harendijke leit yn it easten fan de dielgemeente Wenduine en grinzget oan de buorgemeente Blankenberge.

Nû. Namme Oerflak
(km²)
Ynwennertal
(2022)
Kaart
I
 
(IV)
(V)
Klemskerke
- Klemskerke (doarp)
- De Haan-Sintrum*
- Vosseslag
20,66 6.554  
II
 
(IV)
Vlissegem
- Vlissegem (doarp)
- De Haan-Sintrum*
16,66 2.135
III
 
(VI)
Wenduine
- Wenduine
- Harendijke
4,85 4.094

Befolkingsferrin gemeente

bewurkje seksje

Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.

  • Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:De Haan; wat skiednis oanbelanget sjoch de:De Haan


 
West-Flaanderen
 
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem