J.J.A. Ploos van Amstel
Johannes Jacobus Asuerus Ploos van Amstel (Nieuwer Amstel, 2 novimber 1835 - Reitsum, 2 augustus 1895) wie in Nederlânske teolooch en predikant. Ploos van Amstel wie in soan fan de gemeenteûntfanger fan Nieuwer Amstel. Hy kaam út it laach Ploos van Amstel dat yn Hollân in wichtige rol spile hat. Yn lettere âldens hat hy yn Utert teology stúdearre. Hy liet him net oan de kant skowe en waard as in man mei gesach beskôge. Hy wie foaral foar de rjochtsinnich herfoarmen in man dy’t de âlde Wierheid preke en hy hie sa altyd folle tsjerken.
Reitsum
bewurkje seksjePloos van Amstel waard yn 1863 yn syn twadde gemeente Reitsum beroppen en naam dat berop oan. Yn 1866 gie er nei Eanjum. Dat begrutte de Reitsumers tige. De tsjerke hie noch noait sa fol west en se hienen in dûmny hân wêr't se mei pronkje koenen. Ploos waard net fergetten en yn 1874 is er, nei’t de tsjerke fergrutte wie, op 'en nij beroppen. Ploos hat dat berop ferinne litten.
Yn 1876 stie Ploos yn Grins. It bûtere net tusken de Grinzers en Ploos. Foar Reitsum wie dat de kâns om it nochris te besykjen. Ploos naam dizze kear it berop oan. Doe't er wer yn de Reitsumer pastorij wenne, sei er dat hy wer thús wie. Yn Reitsum waard hy op hannen droegen. Hy waard 'fader Ploas' of 'de âlde Ploas' neamd. As ien him ris frege oft hy fan adel wie, soe er soks net ûntkenne.
Wat guon fan de tsjerkerie, en mei namme âlderling Reitsma, ûnrêstich makke, wie dat Ploos it der hieltyd faker oer hie om de Nederlânske Herfoarme Tsjerke mar te ferlitten en fierder te gean mei in suvere tsjerke. Ploos hearde Reitsma oan, mar gie syn eigen gong. Uteinlik krige hy de hiele tsjerkerie mei. Der waard yn 't geheim besletten om út de Herfoarme Tsjerke te gean. Doe kamen der harkers en de tsjerkerie krige it benaud. As Ploos wier fuortgie, sieten se mei harren beslút om harren ôf te skieden en koenen net wer in opfolger beroppe. Yn 1886 foel it offisjele beslút. Reitsum gie as fjirde gemeente yn Nederlân mei mei de Doleânsje. Ploos is doe yn Reitsum bleaun. De lêste jierren binne swier foar him west. Hy krige sûkersykte, wêr't doe neat oan te dwaan wie. Op 2 augustus 1895 is yn er Reitsum ferstoarn. Hy waard by de herfoarme tsjerke begroeven. Ploos soe Ploos net west hawwe at er sels nei syn dea net noch fan him hearre litten hie. Op 14 augustus 1895 kaam der noch in stik fan him yn de Ljouwerter Krante mei as titel "Een Afscheidswoord". Dat wie bedoeld foar it hiele Fryske folk. Yn de Friesche Kerkbode kaam noch in geastlik testamint foar de grifformearden.
Ploos en de Vrienden fan de Waarheid
bewurkje seksjeDe Vrienden van de Waarheid (Freonen fan de wierheid) wie de organisaasje foar de rjochtsinnich herfoarmen. It doel fan de freonen wie om yn plakken, wêr't gjin rjochtsinnige dûmny stie, evangelisaasje op te rjochtsjen en it mooglik te meitsjen om in foargonger oan te stellen. It doel wie in fûns wêrút rjochtsinnige studinten út betelle waarden om foar dûmny te stúdearjen. Ploos hie in protte gehoar út dizze rûnten. Doch holde Ploos de Vrienden van de Waarheid op in ôfstân. Neffens syn opfetting wie de oplossing om de tsjerke van binnenút te feroarjen eins gjin oplossing. Hy hie de Herfoarme Tsjerke al ôfskreaun.
Ploos en de Ofskieding
bewurkje seksjePloos hat in protte war dien foar it oprjochtsjen fan kristlike skoallen. Dêr wurke hy faak gear mei de ôfskiedenen. Ploos hie in djippe sympaty foar de ôfskiedenen. Doch fûn hy dat se tefolle as los sân oaninoar hongen. In kader hienen se eins net.
Ploos hat him ynearsten talein op it foarmjen fan in betrouber kader. Hy rjochte it Bûn fan Fryske Jongfeinteferienigingen op en soarge as foarsitter dat er de toutsjes yn hannen hie. Ek de kristlike skoalle paste yn dizze doelstelling. Master wie in dizze rûnten in wichtich man en as dy efter him stie, hie hy in foet op 'e grûn.
Ploos en Doleânsje
bewurkje seksjePloos hat ris sein dat as Abraham Kuyper net mei de Doleânsje begûn wie, hy dan it foartou nommen hie. Ploos hat yn Fryslân dúdlik lieding jûn. As der wat oan de hân wie, siet er dêr by. Faak lêze wy dat Ploos van Amstel oanwêzich wie as deputatus synoadea.