William Turner
Joseph Mallord William Turner (Covent Garden (Londen), 23 april 1775 - Chelsea (Londen), 19 desimber 1851) wie in Ingelsk romantysk keunstskilder. Turner wurdt wol sjoen as ien fan de foaroprinners fan it Ympresjonisme yn de skilderkeunst.
Libben en wurk
bewurkje seksjeTurner waard yn syn tiid beskôge as in kontroversjele figuer, mar wurdt tsjintwurdich sjoen as in keunstner dy't it lânskipskilderjen ta grutte hichte brocht hat; ta de hichte fan it histoarjeskilderij, wat doetiids as it heechst berikbere foar in skilder sjoen waard.[1] Hoewol't Turner ferneamd is om syn oaljeskilderijen, wie er ek in master yn it akwarelearjen fan lânskippen. Hy wurdt algemien besjoen as de "the painter of light".[2]
Turner syn heit wie in prûkmakker en barbier. Syn mem wie geastlik net sûn. Fermoedlik is Turner dêrom by in omke fan memmekant bedarre yn 1785 yn Brentford, in lytse stêd bewesten Londen oan de Thames. Dêr joech er foar it earst blyk fan niget oan skilderjen. In jier letter gie er nei skoalle yn Margate oan de noard-east kust fan Kent. Op dat stuit hie er al in protte tekeningen makke, dy't syn heit útstalde yn de etalaazje fan syn winkel.
Turner begûn lessen te nimmen op de Royal Academy of Art yn 1789, hy wie doe noch mar 14 jier,[3] en waard in jier letter talitten op de akademy. Sir Joshua Reynolds, doetiids foarsitter fan de Keninklike Akademy, liet him ta. Yn 't earstoan hie Turner in soad niget oan arsjitektuer, mar him waard oanret om mei skilderlessen troch te gean by de arsjitekt Thomas Hardwick (junior). In akwarel fan Turner waard oannaam foar de simmereksposysje fan de Royal Academy yn 1790 doe't er dêr noch mar ien jier studearre hie. Hy stalde syn earste oaljeferve yn 1796 út, Fishermen at Sea, en hie dêrnei elts jier, syn libben lang, útstallings yn de akademy.
Turner reizge in soad troch Jeropa, earst nei Frankryk en Switserlân yn 1802 en studearre dat jier ek yn it Louvre yn Parys. Hy brocht besites oan Feneetsje. Dêr rekke er ûnder de yndruk fan it wurk fan Titiaan en Veronese. Yn 1807 ferskynde it earste fan in rige wurken troch Turner, Liber studiorum, yllustrearre mei eigen wurk, dêr't er syn fyzje op it lânskipskilderjen literêr stal jout.
It lettere wurk fan Turner lit hieltyd mear akwarelige ferfloeing fan foarmen sjen, dy't suver hieledal ferfloeie mei it ljocht en tsjin it abstrakte oan komme te sitten, foar it publyk faaks dreger te folgjen as syn eardere lânskippen dy't noch yn de Ingelske lânskipstradysje makke wiene. Oft Turner dêrtroch as foarrinner fan it ympresjonisme sjoen wurde moat is by neiere beskôging diskutabel. De lettere ympresjonisten wiene fermoedlik net mei syn wurk bekend doe't sy harren styl ûntwikkelen.
Nei it lêzen fan it yn 1840 yn it Ingelsk oersette boek oer de kleurenlear fan Goethe brocht Turner de libbensprosessen in ferbining mei kleuren. Dizze teory oer de ferraning fan kleur hat laat ta hast abstrakte wurken fan grutte ôfmjittings, sa as it skilderij Rein, stoom en faasje (91x122 cm), wêrop men út dizige fierten yn reinwaar en stoarm in lytse stoomlokomotyf mei trein op de sjogger oankomt; loft, rein, reek en foarmen geane yn elkoar oer.
Turner hat nea troud west, mar hie wol in maîtresse, Sarah Danby, by wa't er twa dochters krige.
Op lettere jierren waard Turner wat nuver yn syn hâlden en dragen. Hy hie net folle freonen, mar syn heit wenne 30 jier by him yn en wie syn assistint yn it atelier. Turners heit stoar yn 1829, wêrnei't er geregeldwei fan depresjes te lijen krige. Turner stoar yn 1851 yn syn hûs yn Cheyne Walk, Chelsea, by Londen. Neffens syn winsk waard er beïerdige yn St Paul's Cathedral, dêr't er neist Sir Joshua Reynolds kaam te lizzen.
Turner liet in grut fortún nei, dat er ornearre hie om "decaying artists" te stypjen. Syn samling skilderijen kaam oan de Britske oerheid en hy woe dat der in spesjale galery foar syn wurk komme soe. Dat barde lykwols net fanwege skeel tusken de erfgenamten oer de rjochtsjildichheid fan syn testamint. Tweintich jier nei syn dea waarden de skilderijen oerdroegen oan it Britsk Museum. Dy kolleksje fan 300 oaljeferve skilderijen en sa'n 30.000 sketsen en akwarellen, mei 300 sketsboeken, hat de Tate Gallery yn Londen.
Oersjoch fan Turners wurk
bewurkje seksje- 1796 - Fishermen at Sea, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1798 - Morning Amongst the Coniston Fells, Cumberland, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1799 - Warkworth Castle, Northumberland - Thunder Storm Approaching at Sun-Set, akwarel - Victoria and Albert Museum, Londen
- 1805 - The Shipwreck, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1806-1808 - The Battle of Trafalgar, as Seen from the Mizen Starboard Shrouds of the Victory, oaljeferve op doek - Tate Gallery, London
- 1809 - London, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1812 - Snow Storm: Hannibal and His Army Crossing the Alps, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1813 - Frosty Morning, olieverf op doek - Tate Gallery, Londen
- 1814 - The Mew Stone at the Entrance of Plymouth Sound, akwarel op papier - National Gallery of Ireland, Dublin
- 1815 - Crossing the Brook, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1816 - Pendennis Castle, Cornwall; Scene after a Wreck, akwarel - Privé samling, VK
- 1816 - The Vale of Ashburnham, wetterferve op papier - British Museum, Londen
- 1817 - The Decline of the Carthaginian Empire, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1820 - Rome, from the Vatican, Raffaelle, Accompanied by La Fornarina, Preparing His Pictures for the Decoration of the Loggia, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1822 - The Battle of Trafalgar, oaljeferve op doek - National Maritime Museum, Greenwich, Londen
- 1823 - Childe Harold's Pilgrimage, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1823 - Rye, Sussex, akwarel - National Museum of Wales, Cardiff
- 1823 - A Storm (Shipwreck), akwarel - British Museum, Londen
- 1824 - Arundel Castle, with Rainbow, akwarel - British Museum, Londen
- 1825 - Shipwreck off Hastings, akwarel - National Gallery of Ireland, Dublin
- 1825 - Rivaulx Abbey, Yorkshire, akwarel - Privé samling, VK
- 1825-1826 - Fall of the Tees, Yorkshire, akwarel - Privé samling, VK
- 1825-1228 - Stonehenge, waterkleur op papier - Privé samling, VK
- 1825-1828 - Alnwick Castle, Northumberland, akwarel - National Gallery of South Australia, Adelaide
- 1827 - Cowes, Isle of Wight, akwarel - Privé samling, VK
- 1828 - Carisbrook Castle, Isle of Wight, akwarel - Privé samling, VK
- 1828 - Chichester Canal, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1828 - A Ship Aground, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1828-1837 - Regulus, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1831 - Caligula's Palace and Bridge, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1833 - Bridge of Signs, Ducal Palace and Custom-House, Venice: Canaletti Painting, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1834-1835 - Longships Lighthouse, Lands End, wetterferve op papier - Privé collectie, VK
- 1835 - Fire at Sea, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1835 - Yacht Approaching the Coast, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1835 - The Burning of the Houses of Lords and Commons, oaljeferve op doek - Philadelphia Museum of Art, Philadelphia
- 1835 - The Grand Canal, Venice, oaljeferve op doek - Metropolitan Museum of Art, New York
- 1838 - The Fighting Temeraire Tugged to Her Last Berth to Be Broken up, oaljeferve op doek - National Gallery, Londen
- 1838 - Flint Castle, akwarel op doek - Privé samling yn Japan
- 1839 - Ancient Rome; Agrippina Landing with the Ashes of Germanicus, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1840 - Slave Ship (Slavers Throwing Overboard the Dead and Dying, Typhoon Coming On), oaljeferve op doek - Museum of Fine Arts, Boston
- 1842 - Fishing Boats with Hucksters Bargaining for Fish, oaljeferve op doek - Art Institute of Chicago, Chicago
- 1842 - Peace - Burial at Sea, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1842 - The Dogana, San Giorgio, Citella, From the Steps of the Europa, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1842 - Snow Storm - Steam-Boat off a Harbour's Mouth, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1843 - Light and Colour (Goethe's Theory) - The Morning after the Deluge - Moses Writing the Book of Genesis, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1844 - Rain, Steam and Speed - The Great Western Railway, oaljeferve op doek - National Gallery, Londen
- 1845 - Landscape with a River and a Bay in the Background, oaljeferve op doek - Louvre, Parijs
- 1845 - Whalers, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1846 - The Angel, Standing in the Sun, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- 1850 - Mercury Sent to Admonish Aeneas, oaljeferve op doek - Tate Gallery, Londen
- ???? - View of Saint-Germain-en-Laye and Its Chateau, akwarel - Louvre, Parijs
Keppelings om utens
bewurkje seksje- 400 wurken fan Turner op artuk.org
- J.M.W. Turner yn Olga's Galery
- The Twickenham Museum — J.M.W. Turner
- The Independent Turner Society
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|