Jaap Goeman Borgesius
Jacobus Hendrik Goeman (Jaap) Borgesius (Hilversum, 17 jannewaris 1929 – Marsum, 24 maaie 2003) wie in Nederlânske politikus út namme fan de VVD.
Hy wie lid fan de famylje Borgesius en in soan fan mr. J. Borgesius (1876 -1943) en Thérèse Blommers (1891 -1977). Syn heit wie doedestiids griffier by it kantongerjocht yn Hilversum, mar koart dêrop waard beneamd ta griffier by it kantongerjocht yn Amsterdam wêrnei't de húshâlding yn Loenen oan de Fecht wenjen gie. Syn heit ferstoar yn 1943. Syn pake fan heitekant, mr. Hendrik Goeman Borgesius (1847-1917), wie in liberaal politikus dy't it brocht ta minister en foarsitter fan de Twadde Keamer wylst syn pake fan memmekant de ferneamde keunstskilder Bernard Blommers (1845-1914) wie.
Jaap Goeman Borgesius, dy't ek bekend stiet as J.H.G. Goeman Borgesius, [1] hat yn Amsterdam de hbs trochrûn wêrnei't er yn tsjinst moast. Hy hat doe as marinier ek noch in skoftke yn it doetiidsk Nederlânsk-Ynje legere west.
Dêrnei gie er as folontêr wurkjen op it gemeentehûs yn Loenen oan de Vecht. De kar foar wurkjen by in gemeente kaam foar in part trochdat er in soad útfanhûs wie by syn omke en fâd A.H. Goeman Borgesius dy't doe boargemaster fan Stienwyk wie. Dêrnei gie Jaap Goeman Borgesius oan't wurk by de gemeentesekretary fan de gemeenten Westbroek, Achttienhoven en Tienhoven en yn 1954 kaam er yn tsjinst by de gemeentesekretary fan Breukelen dêr't er wurke hat as kommys twadde klasse.
Yn maaie 1961 waard er beneamd ta boargemaster fan Aduard en yn augustus 1979 folge syn beneaming ta boargemaster fan Menameradiel. Yn febrewaris 1994 gie hy dêr mei pinsjoen en njoggen jier letter ferstoar hy yn de âlderdom fan 74 jier.
Literatuer
bewurkje seksje- Nederland's Patriciaat 36 (1950 ), s. 68 -69 (Goeman is ien fan syn foarnammen en is gjin part fan de famyljenamme).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|