Jacob Cats (keunstner)

Jacob Cats (Altona, 1741 - Amsterdam, 1799) wie in tige betûft tekener, dy't teffens skildere en etsen makke.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Jacob Cats (keunstner)
keunstner
Selsportret
Selsportret
wurkpaad
wurksum as behangselfabrikant, skilder, tekener en etser
jierren aktyf 1756 - 1799
offisjele webside
RKD-profyl
Hynstewâd by de Amstel yn Amsterdam, 1784)

Jacob waard berne as iennichste soan fan de Amsterdamske minniste boekhanneler Johannes Cats (1699-1772) en syn twadde frou Elisabeth van Rhee. Johannes Cats moast it lân ferlitte fanwegen it útjaan fan in samling kontroversjele geastlike lieten. Soan Jacob waard berne doe't de famylje Cats tydlik yn Dútslân yn Altona by Hamburg ferbleau, dêr't in grutte minniste gemeente wie. Nei't syn frou stoarn wie gie heit Johannes werom nei Amsterdam. Jacob wie doe sawat twa jier. Yn 1765 boaske Jacob oan Anna Hemme.

Nei in skoftke wurke te hawwen yn'e lekkenhannel en in boekbinerij wurke er foar de graveur Abraham Starre. Dêrnei krige er tekenles fan efterelkoar by Pieter Louw en Gerard van Rossum en soe er trije jier yn it behangselfabryk fan Jan Hendrik Troost van Groenedoelen wurkje. Mei help fan syn ryk freonen Johan Goll van Franckenstein, Johannes de Bosch en Willem Writs rjochte hy in eigen behangselfabryk op, dêr't Egbert van Drielst ek wurke.

Cats spesjalisearre him yn 'pendants' (bygelyks in selde lânskip yn simmer en winter), jiertiden en moannen. Hy wurke in soad yn opdracht en waard meardere kearen frege om libbensechte topografyske gesichten en lânskippen te tekenjen. Sy dogge tinken oan it wurk fan Adriaan van de Velde en Berchem en wurde heech oanslein. Sa makke er yn it Goai fjouwer panorama's 'Fjouwer gesichten fan de Tafelberch nei Laren'. Cats tekene dy foar Pieter Cornelis Hasselaer, bewenner fan kastiel Groeneveld yn Baarn. De tekeningen fan de Tafelberch (Goai) sitte yn de kolleksje fan it Ryksmuseum Amsterdam mei noch sechstich oare tekeningen fan syn hân.

Panorama fan de Tafelberch ôf sjoen

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oersetting fan it artilkel Jacob Cats fan de Ingelsktalige Wikipedy.