De Amstel (fan Aeme-stelle, in Ald-Nederlânsk wurd foar "wiet gebiet") is in kanalisearre rivier yn it suden fan de provinsje Noard-Hollân. De kriten oan de rivier wurde oantsjut mei Amstellân.

Rin fan de Amstel
Amstel mei Meagere brêge
De Amstelsluzen by Teater Carré
De Amstel by Nes

Der lizze 12 brêgen oer de Amstel en der binne fjouwer fearen.

Fan de rivier ôf begûn yn de midsiuwen de ferfeanting: it feanlân krige in agraryske bestimming. Letter waard ek turf út it fean wûn en as brânstof brûkt. Sa ûntstie wierskynlik begjin 13e iuw it feanarbeidersbuorskip Amstelfean yn it feangebiet bewesten Ouderkerk.

Troch it lizzen fan in daam yn de 13e iuw yn de mûning fan de rivier (ûnder de Daam fan no) ûntjoech him yn it noardlik diel fan Nieuwer-Amstel (oan beide kanten fan it hjoeddeiske Rokin en Damrak) it fiskersdoarpke "Amstelredam"; de âldste fernijing fan it plak is fan 27 oktober 1275 en koart nei 1300 krige it stedsrjochten. It doarpke waakste út ta it stedsje Amsterdam, dat fanwege har lizzing oan de Sudersee ferbining oer it wetter hie mei Dútslân en Skandinaavje oan de iene kant, en oan de oare kant rivierferbining mei Dordrecht en Antwerpen hie, sadat it plak hieltyd mear fan belang waard.

Oarspronklik mûne de rivier oer it Rokin en Damrak fan no út yn it IJ; tsjintwurdich einiget de Amstel yn de binnenstêd fan Amsterdam by it Muntplein. It lêste stik fan de strjitte de Amstel yn Amsterdam bylâns hjit ek Amstel. Middels pompen ûnder it tichtsmiten part fan it Rokin en de Dam streamt it wetter trouwens noch altyd fia it Damrak it IJ yn, hoewol't it measte oer de Amsterdamske grêften omlaat wurdt.

De omkriten fan de rivier de Amstel hjit fanâlds it Amstellân.

Yn de 17e en 18e iuw stiene der in protte bûtenpleatsen fan begoedige Amsterdammers oan de rivier. De measten binne wilens ferdwûn. Twa âlde bûtenpleatsen oan de Amsteldyk binne der noch: Oostermeer en Wester-Amstel.

De Amstel yn de keunst

bewurkje seksje

Guon keunstskilders dy't de Amstel ôfbyld hawwe:

Trije fan de skilders binne fermeamd yn trij hege kantoargebouwen oan de Amstel oan de Omval: Rembrandttoer, Breitnertoer en Mondriaantoer. In stânbyld fan Rembrandt stiet oan de Amstel by de Kalfjeslaan.

Ferneamd nei de Amstel

bewurkje seksje