Amstelfean
Gemeente Amstelfean
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Noard-Hollân | ||||||
Boargemaster | Mirjam van 't Veld (CDA]) | ||||||
Haadplak | Amstelfean | ||||||
Oerflak - wetter |
44,08 km² - 2,63 km² | ||||||
Ynwenners | 87.337 | ||||||
Ferkearsieren | A9, N231, N232 | ||||||
Netnûmer | 020 | ||||||
Postkoades | 1180-1189 | ||||||
Offisjeel webstee | www.amstelveen.nl |
Amstelfean (Nederlânsk en offisjeel: Amstelveen) is in plak en gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân, besuden Amsterdam en net fier fan 'e lofthaven Skiphol. De gemeente Amstelfean kaam yn 1964 fuort út 'e âldere gemeente Nijer-Amstel.
Skiednis
bewurkje seksjeIt Amstellân waard yn 'e Midsiuwen opdield yn Alder-Amstel en Nijer-Amstel. Yn it lêstneamde mêd waard it doarp Amstelfean stifte, bewesten de Amstel. Yn 'e 17de en 18de iuw kamen begoedige Amsterdammers nei Amstelfean, op 'e syk nei rêst en romte. De grins tusken Nijer-Amstel en Amsterdam rûn doe dwers troch it hjoeddeistige Amsterdam-Súd. Oan 'e Amsteldyk by de Amsterdamske Tolstrjitte stiet noch it âlde gemeentehûs fan Nijer-Amstel, dat boud waard yn 1890. Nei de anneksaasje fan it noardlik part fan 'e gemeente kaam it pân it Amsterdamske Gemeenteargyf ta. Yn 1896 waard oan 'e Doarpsstrjitte in nij gemeentehûs boud.
Mei de anneksaasjes yn 1896 en 1921 waard Nijer-Amstel werombrocht ta it noch lytse âlde doarp fan Amstelfean en in grutte lânsdouwe mei inkelde lytse doarpkes. Dochs bleauwen de begoedige Amsterdammers kommen, en dat is te sjen oan 'e oansprekkende wenwiken, dy't benammen fan 1930 ôf yn it noardwesten fan 'e gemeente boud waarden. Mei dêrtroch wurdt Amstelfean noch altiten beskôge as in wenplak foar begoedigen.
Yn 1915 waard Amstelfean oansletten op it Haarlimmermarspoarnet en krige it âlde doarp in eigen stasjon. It stasjonsgebou út 1915 is noch oanwêzich en wurdt brûkt as winkel. It persoaneferfier waard yn 1950 opheft, en yn 1972 ried de lêste frachttrein fan en nei Uthoarn. Oant 1981 waard der noch wol fan en nei de Skipholline riden. Sûnt 1983 wurdt it âlde spoar brûkt troch de Elektryske Museumtramline Amsterdam.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard Nijer-Amstel in sattelytgemeente fan Amsterdam, en boppedat waard it in geunstich wenplak foar minsken dy't op Skiphol wurken. De iene nei de oare nije wenwyk waard boud, en yn 'e sechstiger jierren wie Amstelfean sels efkes de hurdstgroeiende stêd fan Nederlân. Yn 1964 waard de namme fan it ta foarstêd útgroeide doarp oan de hiele gemeente jûn.
Yn 2003 waard Amstelfean troch ekonomysk ûndersyksburo Nyfer ferkeazen ta Nederlâns meast oantreklike grutte stêd om yn te wenjen.
Oare plakken
bewurkje seksje- Bovenkerk
- Nes oan de Amstel
- Ouderkerk oan de Amstel (it part bewesten de Amstel)
- De Swarte Kat, in buorskip tusken Ouderkerk oan de Amstel en Nes oan de Amstel.
De gemeente hat besletten dat de folsleine gemeente ûnder it wenplak Amstelfean falt. Oare plaknammen, bygelyks Nes oan de Amstel, wurde dêrmei yn adressen net mear brûkt.
Noard-Hollân | |
---|---|
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort | |
wizigje |