Jacob Folkema (Dokkum, 1692 - Amsterdam, 1767) wie in grafikus. Neffens guon boarnen waard er berne yn Amsterdam.

In sikehûs yn Amsterdam yn 1738

Hy krige ynearsten ûnderrjocht fan syn heit, Johann Jakob Folkema, dy't goudsmid wie. Hy wie letter learling fan Picardt yn Amsterdam en gelikense fan Houbraken.

Hy wie yn syn tiid in bekend portretgraveur. Syn keunstbekwaamheid is ek út de troch him makke titels en printen foar in oantal boeken op te meitsjen (de bibel fan Royaumont, 1712 en Ruysch syn Anatomy, 1737). Syn suster Anna Folkema (1695-1768), dy't him ek wol holp, makke namme as miniatuergraveur.

  • Miguel Cervantes de Saavedra; neffens C. Kort.
  • Johannes Ens, heechlearaar Teology yn Utert; neffens Colla.
  • Petrus de Maestricht, heechlearaar Teology yn Frankfort; neffens Colla.
  • Humphrey Prideaux, Dean of Norwich; neffens Seeman.
  • Suethlagius, predikant yn Amsterdam; neffens Anna Folkema.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: