Jacob Miedema
Jacobus Pieter Miedema (Haarlim, 5 july 1934 - Baarn, 14 oktober 1994) wie in Nederlânsk politikus fan de ARP.
Miedema gie nei de legere skoalle yn Heemstede en dêrnei it lyseüm yn Hurderwyk. Yn 1961 foltôge er syn stúdzje rjochten oan de Frije Universiteit Amsterdam. Yn 1962 gie er oan 't wurk by de griffy fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Oktober 1965 folge er yn Winsum de ferstoarne boargemaster mr. K. Bosch op. Maart 1971 naam er ûntslach by de gemeente Winsum om as boargemaster fan Dokkum beneamd te wurden.
Nei goed fiif en in heal jier boargemaster fan Dokkum west te hawwen, waard Miedema yn 1976 ta boargemaster fan Baarn beneamd.