James Tait Black Memorial Prize
De James Tait Black Memorial Prizes ("James Tait Black Betinkingsprizen") binne in trijetal Britske literatuerprizen dy't elts jier útrikt wurde oan 'e skriuwers fan it as bêste beoardiele Ingelsktalige wurk yn 'e kategoryen fiksje, biografy en toanielstik. Dizze prizen waarden yn 1919 ynsteld troch frou Janet Coats Black ta oantins oan har man silger, James Tait Black, in partner yn 'e útjouwerij A. & C. Black Ltd. Hjoed de dei wurde de James Tait Black Memorial Prizes tawiisd en útrikt troch de learstoel retoarika en belletry oan 'e Universiteit fan Edinburch. Yn 'e mande mei de Hawthornden Prize binne it de âldste Britske literatuerprizen.
James Tait Black Memorial Prize | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
útrikt foar | literatuer | |
útrikt troch | Universiteit fan Edinburch | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Edinburch (Skotlân) | |
ynsteld | 1919 | |
offisjele webside | ||
www.ed.ac.uk/news/events/tait-black |
Fan it begjin ôf oan waard de útrikking fan dizze prizen beävensearre sûnder dêrfoar mediapublisiteit te sykjen, al kaam dat yn 'e earstoan fral om't Edinburch tige ôfhandich lei foar lju út Londen, doedestiden it iennichste literêre sintrum fan it Feriene Keninkryk. De prizen foar bêste fiksje en bêste biografy besteane sûnt 1919; de priis foar bêste toanielstik waard pas yn 2012 tafoege (en foar it earst útrikt yn 2013).
Troch de jierren hinne hawwe der fjouwer winners fan 'e Nobelpriis foar de Literatuer west, dy't earder yn har karriêre de James Tait Black Memorial Prize wûn hiene: William Golding, Nadine Gordimer en J.M. Coetzee yn 'e kategory fiksje, en Doris Lessing yn 'e kategory biografy. Fierders ûntfong sir Ronald Ross, de winner fan 'e Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde fan 1902, yn 1923 de James Tait Black Memorial Prize foar syn autobiografy Memoirs, Etc. Oare ferneamde winners wiene û.m.: Hugh Walpole, D.H. Lawrence, E.M. Forster, Siegfried Sassoon, C.S. Forester, Aldous Huxley, Graham Greene, Evelyn Waugh, John le Carré en Maurice Gee. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |