James Woodforde
James Woodforde (Ansford, 27 juny 1740 – Weston Longville, 1803) wie in Ingelsk geastlike yn de Anglikaanske Tsjerke dy't namme makke hat as deiboekskriuwer. Syn deiboek omfiemet in tiidrek fan benei 45 jier, nammentlik fan 1758 oant 1802.
James Woodforde wie de twadde soan fan Samuel Woodforde, de dûmy fan Ansford (Somerset) en fan Jane Collins. Fan de seis bern wie hy ienichste dy't in public school besocht, it Winchester College, en de Universiteit fan Oxford.
Nei syn stúdzje folge er yn syn heite fuotleasten en waard ek geastlike, yn 't earstoan 10 jier as helppredikant fan syn heit. Doe't dy lêste yn 1771 stoar, slagge it James net en folgje syn heit op. Ek syn ferkearing mei Betsy White rûn op 'e non, dat hy gie werom nei Oxford. Hy sollisitearre fergees nei de funksje fan haadmaster fan Bedford School, mar 1773 krige er plak yn Weston Longville yn Norfolk, yn de omkriten fan Norwich, en yn 1776 sette hy him dêr foar fêst nei wenjen. Hy hie dêr in noflik en rêstich bestean as frijfeint mei syn nicht Nancy, dy't de hûshâlding bestjoerde, en in stikmannich betsjinners.
It deiboek
bewurkje seksjeIt folsleine deiboek beslacht 72 oantekenboeken en sa'n 100 losse fellen papier; de Bodleian Library yn Oxford hat it op 'e noed. Oant koart nei de Earste Wrâldoarloch wie it bestean fan de deiboeken ûnbekend. Op in stuit frege in dokter yn Hertfordshire oan syn buorman John Beresford oft er de manuskripten, dy't fan ien fan dy syn foarâlden west hiene, ris ynsjen mocht. Beresford mocht it wurk wol lije, fral fanwege de protte details dy't in moai byld fan it 18e-iuwske plattelânslibben joegen, histoarysk like wichtich as it deiboek fan Samuel Pepys. Hy redigearre it wurk en koarte it yn, wêrnei't de deiboeken yn fiif dielen publisearre waarden yn de jierren 1924 oant 1931 ûnder de titel The Diary of a Country Parson 1758 – 1802. De publikaasej wie in súkses, nettsjinsteande de krityk dat it deiboek net lykwichtich gearfet wie. It earste part beslacht benei de helte fan it folsleine deiboek; de oare dielen binne wiidweidiger.
Woodforde sette mei syn deiboek út ein 21 july 1759 mei de koarte fernijing dat er studint wurden wie oan it New College yn Oxford: “Made a Scholar of New-College”. Dêrnei makke er hast alle dagen in koarte as langere oantekening oer meast deistige saken, lykas syn útjeften en barren, it waar, syn hûshâlden, syn wurk as predikant en de somtiids grutte mielen mei syn freonen en kollega's. Woodforde komt yn it wurk nei foaren as in goedwillich man, mei omtinken foar in oar en moederaasje foar de earmelju, en ek as ien mei in soad frije tiid. De lêste oantekening is fan 17 oktober 1802: hy seit dat er him dy deis net lekker fielt, nei tsjerke west hat en roast beef iten hat.