Jan Aantjes
Jan Aantjes (Bleskensgraaf, 5 augustus 1920 – De Bilt, 1 april 2015) wie in Nederlânske politikus út namme fan de Anty-Revolúsjonêre Partij (ARP) en âld-boargemaster fan Bussum.
Yn 'e oarlochsjierren wurke Aantjes foar de fiedseldistribúsje yn Gouda. Foar syn ynset yn de Twadde Wrâldoarloch krige er it fersetsbetinkingskrús. [1] Nei de oarloch waard er sekretaris fan de CBTB, dêr't syn heit eartiids ek bestjoerder fan west hie.
Jan Aantjes wie fan 1961 ôf boargemaster fan de gemeente Brakel yn de Bommelerwaard en fan 1966 oant 1975 fan Oud-Beijerland. Dêrnei wied er fan 16 augustus 1975 oant 1 septimber 1985 boargemaster fan Bussum.
Hy hie ferskate njonkenfunksjes en wie ûnder mear lid fan it deistich bestjoer fan de Ried fan Europeeske Gemeenten.
Syn heit Klaas Aantjes wie wethâlder fan Bleskensgraaf en boargemaster fan Hendrik-Ido-Ambacht. De politikus Willem Aantjes wie syn broer.
Jan Aantjes ferstoar yn de âldens fan 94 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |