Jan Albarda
Jan Albarda (ek: Jan Johannes Albarda) (Harns, 12 juny 1791 - Ljouwert, 2 oktober 1859) wie in Nederlânsk bestjoerder en gemeentlik politikus fan Frysk komôf.
Biografy
bewurkje seksjeAlbarda wie ien út it juriste- en patrysjerslaach Albarda en in soan fan drost, baljuw en frederjochter dr. Johannes Albarda (1761-1838) en Mintje van der Meulen (1762 -1822). Hy boaske yn 1819 mei Anna Westra (1789 -1863), mei wa't er fiif bern krige, ûnder oaren de jurist mr. Hendrik Johannes Albarda (1822-1881).
Albarda wie garde d' honneur en waard ûntfanger fan registraasje en domeinen yn Harns. Dêrneist wie er dêr sekretaris fan de Fiifdielen Seediken Binnendyks en Bûtendyks en waard dêr ek gemeenteriedslid. Hy waard dêrnei waarnimmend kontroleur fan it kadaster yn Fryslân en ûntfanger registraasje en domeinen te Ljouwert. Hy wie ek fâd fan it Poptaslot te Marsum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|