Jan Feitsma (Kollum, 22 jannewaris 1884Amsterdam, 2 febrewaris 1945) wie in Frysk jurist.

Jan Feitsma yn 1934
Biljet Voor Joden verboden ûndertekene troch Feitsma as prokureur-generaal en fungearjend gewestlik direkteur fan plysje

Feitsma wie in boeresoan. Nei it gymnasium yn Ljouwert studearre er oan de Ryksuniversiteit Grins dêr't er yn 1908 promovearre ta doktor yn de rjochtswittenskip. Doe folge no in jier Ynjysk Rjocht oan de Ryksuniversiteit Leien. Hy troude ein desimber 1909 en yn febrewaris 1910 ferfear er mei syn frou nei Nederlânsk-Ynje dêr't er ferskate juridyske funksjes hân hat. Fierder wurke er fan 1919 oant 1925 as amtner-beskikking fan de prokureur-generaal fan it heechgerjochtshôf yn Batavia en as learaar fan de plysjeskoalle yn Buitenzorg. Yn 1929 folge syn beneaming ta amtner foar de wetjouwing oan it departemint fan Justysje yn Batavia. Yn de simmer fan dat jier krige er trije moanne ferlof foar Nederlân "wegens gewichtige redenen". Op 31 augustus 1929 folge lykwols earfol ûntslach út Yndyske tsjinst.

Hy fêstige him yn Grins. Yn septimber waard er foardroegen foar de funksje fan griffier te Wynskoat en letter dat jier waard er beneamd ta plakferfangend kantonrjochter yn Grins. Begjin 1931 waard er rjochter by de arrondissemintsrjochtbank yn Grins.

Feitsma wie NSB'er doe't er ein 1941 J.A. van Thiel opfolge as prokureur-generaal te Amsterdam. It wie syn namme dy't ûnder ferbodsboerden foar Amsterdamske Joadske boargers stie.

Yn septimber 1941 waard syn jongere broer Gerben Feitsma, dy't ek NSB'er wie, boargemaster fan de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân. Begjin febrewaris 1943 besocht de Joadske studint Rudi Bloemgarten him dea te sjitten; syn soan D.J. Feitsma rekke dêr swier by ferwûne by. As ferjildingsmaatregel waarden 50 Amsterdammers oanholden en yn Kamp Vught opsletten. Hja binne lykwols allegear wer frijkaam.

Op 1 maart waard Feitsma neist prokureur-generaal ek waarnimmend plysjepresidint fan Amsterdam en de regio Amsterdam. Ein maart krige boargemaster Edward Voûte de funksje fan waarnimmend plysjepresidint fan Amsterdam derby.

Op 2 febrewaris 1945, trije moanne foar de Dútske kapitulaasje, besocht it ferset op 'en nij om Feitsma om te bringen. Dy deis waard er yn Amsterdam troch in fytser op strjitte delsketten en in skoftke dêrnei stoar er mei 61 jier.

De Dútsers skeaten doe by Rozenoord oan de Amsteldijk, as repressaille, op 7 febrewaris fiif Amsterdammers dea, dêr't twa leden fan de rjochterlike macht by wiene:

  • J. Smuling, heechriedfrijmitseler (Frijmitselarij wie ferbearn!), direkteur Amsterdamsk skipfeartbedriuw.
  • mr. W.J.H. Dons, ficepresidint fan de arrondissemintsrjochtbank yn Amsterdam
  • mr. H.J. Hülsmann, riedshear fan it gerjochtshof yn Amsterdam
  • J. Bak, kommunistelieder en lieder fan in fersetsbeweging
  • C.W. Ittmann, kommunist en arts

Alle fiif fusillearden binne begroeven op it Earebegraafplak Bloemendaal.

In skoftke letter kaam Van Thiel werom as prokureur-generaal yn Amsterdam wat er oant syn pensjoen yn septimber 1949 bliuwe soe. Syn opfolger A.A.L.F. van Dullemen hearde ta de persoanen dy't deasketten wurde soenen as represaille foar de moard op Feitsma. Tafallich wie er net thús doe't de Dútsers him helje soenen en is er ûnderdûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: