Jan Frederik Oltmans
Jan Frederik Oltmans (De Haach, 1 septimber 1806 - Steenderen, 29 jannewaris 1854) wie in Nederlânsk skriuwer fan histoaryske romans.
Libben
bewurkje seksjeAs jongkearel kaam hy by syn heit yn tsjinst dy't belestingûntfanger yn Amsterdam wie. Doe't Oltmans sr. stoar yn 1839 waard hy net as opfolger fan syn heit beneamd wat er wol tocht hie. Faaks lei dat him oan syn swakke sûnens: hy hie astma. In nije baan socht er net. Hy libbe fan de skriuwerij en it famyljekaptaal. Doe't er finansjeel yn 'e knipe rekke ferhuze er yn 1847 nei Steenderen yn Gelderlân om't it libben dêr goedkeaper as yn 'e stêd wie. De lêste jierren fan syn libben wiene fan delgeande sûnens oant er stoar.
Skriuwer
bewurkje seksjeOltmans is tige beynfloede troch Walter Scott en ek troch Jacob van Lennep. Syn romans wiene Het Slot Loevestein in 1570 (1834) en De Schaapherder, een verhaal uit den Utrechtschen oorlog van 1480-'83 (1838). De earste roman spilet yn de Tachtichjierige Kriich en de twadde yn 'e tiid fan de Hoekske en Kabeljauwske twisten mei Jan fan Schaffelaar yn de haadrol. Hy bewûndere de heldedie fan Van Speyk, dat brocht him op it idee foar de roman. Hy publisearre se ûnder it pseudonym J. van den Hage. Earst yn 1852 begûn er ûnder syn eigen namme te publisearjen.
Nei oanlieding fan de publikaasje fan De Schaapherder frege Everhardus Johannes Potgieter him om mei te dwaan oan syn literêr tiidskrift De Gids. Potgieter hat Oltmans doe oantrune ta it skriuwen fan novelles dy't yn De Gids publisearre waarden. Yn 1841 kaam Oltmans ek yn de redaksje fan it blêd. Mei troch it twingende karakter fan Potgieter en yn ferbân mei syn ôfnimmende sûnens moast er dat wurk al yn 1842 dellizze. Hy bleaun oant 1845 algemien redakteur, mar dat hie net folle om 'e hakken.
Neitiid hat er noch novellen foar oare tydskriften skreaun en in histoaryske roman dy't nea útkommen is. In syn testamint stie dat it manuskript ferneatige wurde moast.
Bibliografy
bewurkje seksjeRomans
bewurkje seksje- Het Slot Loevestein in 1570 (1834)
- De Schaapherder, een verhaal uit den Utrechtschen oorlog van 1480-'83 (1838)
Novellen
bewurkje seksje- Het huis van het Zeewijf (1840)
- Gertrude (?)
- Lucie (1840)
- No. *, Een damesportret (1841)
- De Graaf van Bossu te Rotterdam
- Docor Rimini
- Gaston van Foix (1841)
- Gedachtenis van een kloekmoedig uitgevoerd bevel (1840)
- Het testament (1840)
- Friesche gastvrijheid (1846)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- It folsleine wurk fan J.F. Oltmans (Projekt Laurens Jz Coster).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|