Jan Geert Ankerman

Jan Geert Ankerman (Wommels, 2 maart 1906 - Rangoon, Burma, 27 desimber 1942) wie in Frysk yngenieur en hockeyspiler dy't yn 1928 yn Amsterdam mei die oan de Olympyske Simmerspullen fan 1928. Hy wûn de sulveren medalje en spile fjouwer wedstriden as healback. Ankerman spile yn totaal njoggentjin ynterlâns, en wie lid fan de Haachske hockeyferiening Haagsche Delftsche Mixed (HDM).
Hy stoar yn 1942, ûnder de Twadde Wrâldkriich, mei 36 jier, yn in jappekamp yn Birma.

Jan Geert Ankerman
Olympic Rings black.svg sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 2 maart 1906
berteplak Wommels
stjerdatum 27 desimber 1942
stjerplak Rangoon
sportive ynformaasje
sport hockey
O.S. Amsterdam 1928

Ankerman krige in grêf op it Nederlânsk Earefjild Menteng Pulo yn Jakarta.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: