Jan Gijsbertus Driessen

Jan Gijsbertus Driessen (Wieringen, 13 septimber 1855Nymwegen, 27 april 1940) wie in arts dy’t him ynsette foar de bestriding fan tuberkuloaze.

Driessen wie de soan fan Willem Johannes Driessen en Antje Koorn. Yn Haarlim folge er de HBS en it gymnasium. Yn 1872 waard hy militêr studint (‘pil’) yn Amsterdam. Neidat er yn 1877 earfol ûntslach krigen hie studearre hy yn Grins. Yn 1880, in jier foar syn artseksamen helle hy yn Halle 'Die medicinische Doctorwürde'.[1]

Jamja

Trije dagen nei syn artseksamen, op 22 oktober 1881 fêstige hy him yn Westermar by De Jouwer dêr’t hy oant maaie 1910 in praktyk hie. Oant 1897 wenne hy yn it doktershûs Westermeer, oan de lettere Geert Knolwei 37. Op 5 july 1893 troude hy mei Aurelia Vegelin van Claerbergen (De Jouwer, 7 augustus 1965 - Nymwegen, 24 maart 1944). Oer dit houlik wie in soad te dwaan. Yn 1897 ferhuze de húshâlding nei de filla Jamja, in namme dy't bestie út de earste letters fan de foarnammen fan syn dochters Jacoba, Anna, Maria, Jeanne en Aurelia. Dit hûs wie boud troch Anno Eelkes de Boer, oaljeslagger en wethâlder fan Haskerlân. It byboude koetshús yn de eftertún hie te krijen mei dokter Driessen syn grutte belangstelling foar hynders. Yn 1912 waard 'Jamja' de Nutssparbank en letter tekenskoalle, basisskoalle en bibleteek. Yn 1967 is de filla ôfbrútsen.

Sanatoarium Heremastate

bewurkje seksje
 
Sanatoariumôfdieling

Yn 1902 waarden de Driessens nei it ferstjerren fan (skoan)mem Jacoba Vegelin van Claerbergen eigener fan Heremastate. Driessen en syn frou stelden yn 1908 Heremastate beskikber foar de bou fan in sanatoarium tsjin tuberkuloaze. Se skonken Heremastate oan de 'Vereniging tot Oprichting van een Friesch Volkssanatorium'. It bûten waard dêrnei yngreven ferboud en nei de easken fan dy tiid ynrjochte foar de nije bestimming. Op 1 septimber 1910 waard it sanatoarium iepene. Oan de ein fan dat jier wiene alle 44 bêden beset. Net folle letter waard de state dochs minder geskikt achte om noch langer as sanatoarium te brûken. Op it lêst foel it beslút om yn Appelskea in nij sanatoarium te bouwen, Beatrixoard. Op 18 febrewaris 1922 waarden de pasjinten mei in ekstra tram fan De Jouwer nei Appelskea brocht. Heremastate waard doe opnij eigendom fan it echtpear Driessen, dy't it lânhûs datselde jier ferkochten oan har neef jonkhear Pieter Benjamin Johan Vegelin van Claerbergen, de boargemaster fan Haskerlân.[2] Hy waard gemeente-arts foar Haskerhoarne en Aldehaske.[3] Driessen wie yn Westermar lid fan de Skoalkommisje.[4]

Yn 1910 ferhuze de famylje Driessen nei Nymwegen. Yn Nymwegen wie hy jierrenlang siktaris-ponghâlder fan it ôfdielings-sikefûns en letter foarsitter. Hy waard begroeven op it begraafplak fan Westermar.[5] Op De Jouwer waard de J.G. Diessenstrjitte nei him neamd.

Syn dochter Maria Peljak-Driessen waard dokter yn Nymwegen. Hja kaam op 22 febrewaris 1944 om mei har man, de bernearts Friedrich Johann Peljak, en fiif fan harren sân bern by in Amerikaansk bombardemint op harren hûs.[6] In moanne dêrnei ferstoar Aurelia Vegelin van Claerbergen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: