Jan Pastoor
(Trochferwiisd fan Jan Jacobus Lambertus Pastoor)
Jan Pastoor (Ruinerwold, 3 april 1935) is in eardere Nederlânsk politikus. Hy wie boargemaster fan ferskate gemeenten en deputearre yn Drinte. Fan 1999 - 2007 wie hy lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal. Pastoor wie lid fan efterinoarren de Kristlik-Histoaryske Uny (CHU) en it Christen-Democratisch Appèl (CDA).
Pastoor studearre rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy wie boargemaster fan Warkum, Hylpen en Smilde. Hy wie lid fan Deputearre Steaten fan Drinte fan 1987 - 1999. Yn de Earste Keamer hâlde Pastoor him dwaande mei Algemiene Saken, Binnenlânske Saken en Folkshûsfesting.