Jan Kan (politikus)

Johannes Benedictus (Jan) Kan (Nijmegen, 18 maaie 1873 - De Haach, 8 maaie 1947) wie in Nederlânsk top-amtner en politikus.[1][2]

Mr. J.B. Kan
Kan ûntfangt Amerikaanske gesant R. Tobin, Polygoonsjoernaal maitiid 1929

Jan Kan wie tige sportyf: as jongkeardel siet er by it earste offisjeuze Nederlânsk fuotbalalvetal. As klupspiler gie er yn 1892 de skiednis yn as de earste Nederlânske spiler dy 't in strafskop benutte. [3] Kan fuotballe foar de Football Club " Victoria ". Hy spile ek linksback by hockeyklup TOGO. Letter yn syn karriêre gie er winterdeis faak te riden mei prinses Juliana.

Nei it Erasmiaans Gymnasium yn Rotterdam en syn rjochtestúdzje yn Leien waard Kin amtner, earst by de gemeente Rotterdam en letter op it ministearje fan Finânsjes. Fan 1908 oant 1931 wie er sekretaris-generaal fan it ministearje fan Ynlânske Saken. Yn dy tiid krige er lanlike bekendheid, trochdat er de man wie dy 't út namme fan it Nederlânske regear de kontakten ûnderhold mei de flechte Dútske keizer Wilhelm II fan Dútslân. Dat die er ynearsten op syn wenstige ynformele wize (hy droech komselden in hoed en gie op Prinsjesdei nei de Ridderseal op 'e fyts mei syn sabel oan 'e stange bûn) oant him dúdlik makke waard dat de Keizer op mear dekoarum steld wie.

Yn 1926 waard Kan frege om as formateur in amtnerekabinet te foarmjen. Hy wegere dat te dwaan, mar trede wol ta oant it Kabinet-De Geer I as minister fan Ynlânske Saken en Lânbou. Kan wie net oan in partij bûn, mar gou as lofts-liberaal. Under syn ministerskip kaam in wiziging fan de Kieswet ta stân en waard it stimmen by folmacht mooglik.

Nei syn ministerskip wie Kan fan 1931 oant syn dea lid fan de Ried fan Steat. Syn soan Jan M. Kan soe deselde funksje jierren letter ek beklaaie. Kan syn oare soan waard bekend as de kabaretier Wim Kan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: