Jan Tromp (Ljouwert, 2 maart 1945) is in fotograaf en keunstskilder út Skalsum.

Anneke
Brechje

Neist syn baan as gymnastyklearaar tekene en fotografearre Jan Tromp. Yn 2002 is hy profesjoneel begûn te skilderjen en krige les fan Martin Sijbesma út Kûbaard, dy't him it fynskilderjen fan realistyske ôfbylden bybrocht. It resultearre yn it werjaan fan materialen as glêzen fleskes, in skaaltsje mei ierdbeien en fruchten as roazebottels, kastanjes, mispels en figen. Dy technyk lei yn it ferlingde fan it fotografysk werjaan. Letter waard syn styl wat losser. By Matthijs Röling oan de Akademy Minerva yn Grins learde er de klassike wize om in skilderij op te bouwen en dêrneist it skilderjen nei de waarnimming.

Syn interesse is geandewei ferskood nei it skilderjen fan minsk en dier, wêrby't it aksint op de libbendichheid komd is te lizzen en it treffen fan it karakter. De krektens fan it fynskilderjen is stadichoan oergien nei in wat lossere, mear pikturale en koloristyske benadering fan it ûnderwerp. Ljochtfal spilet in bysûndere rol yn syn skilderijen. It hat in plastyske foarm as resultaat, wat oanslút by de persoanlike werjefte fan it model. Mar it wichtichst by it portrettearjen fynt er de gefoelsmjittige ûnderfining fan de persoan of it bist. Dy belutsenheid makket it wurkjen makliker en moat ek te sjen wêze yn it einresultaat. Dan pas kin er tefreden wêze.

De opbou fan syn oaljeferveskilderijen bestiet út in oantal fazes. De houtskoalskets wurdt fikseard mei akrylferve, dêrnei wurde de earste kleuren opbrocht, ek mei akryl. Dan begjint de oaljefervefaze, wêrby't ferskate toanaarden fan de basiskleuren opbrocht wurde. Yn de dêropfolgjende stadia komt wêr nedich de ferfining.

Tromp wurket frij mar ek yn opdracht. Begjin 2009 krige hy opdracht fan Deputearre Steaten fan Drinte om in portret fan âld-kommissaris fan de keninginne Relus ter Beek te skilderjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: