Jan Troost (Nij-Loasdrecht, 3 april 1958 - Wijchen, 16 maaie 2023) wie in Nederlânsk bestjoerder en minskerjochte-aktivist yn de handicaptebeweging. Hy waard in foarfjochter fan gelikense tagong, gelikense rjochten en ynklusy fan minsken mei in beheining.

Jan Troost
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Troost
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 3 april 1958
berteplak Nij-Loasdrecht
stoarn 16 maaie 2023
stjerplak Wijchen
wurkpaad
aktyf as Foarsitter Lanlike Handicaptenrie/CG-Rie
jierren aktyf 1996-2005
reden
  bekendheid
Belangebehertiging fan groanysk siken en handicapten
offisjele webside
troostoverleven.nl

Fan 1996 oant 2005 wie er foarsitter fan de Lanlike Handicapterie en opfolger de Groanysk siken en Handicapterie (CG-Raad), dy 't letter opgien is yn Ieder(in).

Troost waard berne mei osteogenesis imperfecta. Hy waard fuort nei de berte weilein yn in widze omdat de ferpleechkundige tocht dat er ferstoarn wie, oant er raasde. Syn âlden waard ferteld dat er net âlder as 28 jier wurde soe. Yn dy jierren wie der net folle bekend oer it libben mei in beheining. Hy waard frij beskerme grutbrocht.

Hy gie ynearsten nei in reguliere basisskoalle, mar letter út need fierder op in mytylskoalle. Letter gie er nei it katolike ynternaat De Monnikskap fan de Sint Maartensklinyk yn Nimwegen. Yn 1972 demonstrearre Troost as fjirtjinjierrige, mei oaren, by kultureel sintrum de Lindenberg yn Nimwegen. Ien fan de earste aksjes foar bettere tagonklikens fan gebouwen yn Nederlân.

Doe't er 18 jier âld wie bea it GAK (letter opgien yn it UWV) him in auto oan. Troch dy auto koe er ûnôfhinklik reizgje, wêrtroch't er de hbo-oplieding maatskiplik wurk yn Nimwegen folgje koe.

Gjinien fan de gebouwen by it opliedingsynstitút wie tagonklik foar minsken dy't in rolstoel brûkten. Yn 1980 demonstrearre Troost opnij mei oaren by kultureel sintrum de Lindenberg yn Nimwegen en besette it gebou.

Troost wie koördinator fan de Werkgroep Integratie Gehandicapten (WIG) yn Nijmegen. De WIG organisearre tegearre mei de Handicapterie Arnhim op 22 april 1994 it sympoasium en debat "Kind op bestelling", dat presintearre waard troch Peter van Ingen, dy't ek de einredaksje hie fan de telefyzjeregistraasje troch de VPRO. Troost die aktyf mei oan it debat. Ek wie er út de WIG yn 1995 wei warber foar de dielname fan minsken mei in rolstoel oan de Nimweegske Fjouwerdaachske.

Hy wie yn syn foarsitterskip fan de CG-Rie, bestjoerslid fan it Europeesk jier fan de Handicapten (2003). Hy wie foarsitter fan it Platfoarm foar Feroaring en Fernijing Handicaptesoarch Súd Gelderlân (2004-2006), vice-foarsitter en lid Presidium Taskforce Handicap en Samenleving (2004 -2008), ambassadeur fan it programma Fersterking kliïntenposysje (VCP) (2005 -2012), oanjager fan it VN-ferdrach Handicap, ambassadeur fan Makkers Unlimited, wurdfierder fan de aksjegroep "Terug naar de Bossen", wurke by MEE Nederland en wie adviseur fan de Feriening Osteogenesis Imperfecta (VOI).

Hy makket diel út fan "Gehandicapten schrijven Geschiedenis", is lid fan beroppefjilden kommisje (BVC), fan de Hegeskoalle Arnhim Nimwegen, adviseur fan it Liliane Fûns, trainer bij Ieder(in), kursuslieder fan ProDemos, en projektlieder Tagonklikens en Wenjen by it selsregysintrum Nimwegen.

Dokumintêre

bewurkje seksje

Omroep Gelderland stjoerde op 25 septimber 2022 in dokumintêre út oer Troost, "Met broze botten barricades breken". Yn de dokumintêre fertelt Troost oan de hân fan histoaryske bylden oer syn libben.

Troost is troud en krige fjouwer bern. Syn dochter hat deselde handicap as hy. Troost krige yn septimber 2021 in TIA en in harsenynfarkt, dêr't er hast folslein fan werstelde. Hy wurke yn dy perioade oan syn autobiografy "Troost Over Leven" dy't ferskynde yn maart 2022. Op 3 april 2023, de dei dat er 65 jier waard, krige Troost te hearren dat er lijt oan in slimme foarm fan sloktermkanker. Jan Troost ferstoar op 16 maaie 2023, yn 'e aldens fan 65 jier.

  • Troost ûntfong út de hannen fan boargemaster Hubert Bruls de sulveren Waalbrugspjelde fan de gemeente Nimwegen.
  • De lanlike organisaasje Ieder(in) makke op 22 april 2023 bekend dat it in jierlikse Troost-lêzing organisearje sil ta eare fan Jan Troost.
  • By kultureel sintrum De Lindenberg yn Nijmegen is it sintrale plein ferneamd nei Troost. It ûnderskrift op it nammeboerd fan it Troostplein is: "Jan Troost. 1980 bezetting Lindenberg: gelijke rechten voor iedereen".

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: