Jan de Bray
Jan de Bray (Haarlim, om 1627 - Amsterdam, april 1697) wie in Nederlânsk keunstskilder. Hy wie in soan fan skilder en arsjitekt Salomon de Bray en yn Haarlim de opfolger fan Frans Hals. De dichter Jakob Westerbaen wie in omke fan him. Durk de Bray, syn broer, wie boekbiner, etser en houtfiker; Joazef de Bray lei him ta op it skilderjen fan blom- en fiskstillibbens. Harren suster Kornelia de Bray troude 1648 mei de keunstner Jan Lievens.
Persoanlik libben
bewurkje seksjeDer is net folle witten oer it libben fan Jan de Bray. De pest fan 1663 en 1664 hie grutte gefolgen foar de famylje. Jan de Bray wie ek ûnfertúnlik yn it houlik. Hy boaske mei Maria de Hees, mei Margaretha de Meyer en mei Victoria Maria Magdelana Stalpaert van der Wielen. Iderkear wie syn frou binnen twa jier ferstoarn.
Yn 1672 troude Jan de Bray mei Margaretha de Meijer, de widdo fan in Pommersk juwelier yn de Sint Antoniesbreestrjitte. De Bray wenne op de Bakennessergreft en hie in soan út it earder houlik. It pear troude yn de St. Anna, in Roomsk-Katolike skûltsjerke, dy't troch syn heit ûntwurpen wie. In jier letter waard hja mei in protte preal beïerdige yn de Grutte of Sint-Bavotsjerke. Syn tredde frou en soan stoaren yn 1680.
Wurk
bewurkje seksjeJan de Bray wie in skilder fan portretten en histoarjestikken. Hy is - mei Caesar fan Everdingen - de fertsjintwurdiger fan it Hollânsk klassisisme yn de skilderkeunst. Hy wie de grutte man fan it pleatslik Sint Lucasgilde en skildere trije skoarstienstikken foar it stedhûs fan Haarlim. Faaks wie er ek de arsjitekt fan de Mennistetsjerke yn Haarlim yn 1682. Yn 1688 levere hy plannen foar de swietwetterfoarsjenning fan Amsterdam yn 'e mande mei Nicolaes Witsen. 1689 waard er fallyt ferklearre en 1692 ferhuze er nei de Lindengracht yn de Jordaan.
-
Portret fan de Haarlimske drukker Abraham Casteleyn en syn frou Margaretha van Bancken.
-
Holle fan in jonge.
-
De foaroanmannen fan it Haarlimsk Sint-Lukasgilde (1675) Ryksmuseum, Amsterdam. De twadde man fan lofts is De Bray sels
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarne
bewurkje seksjeMoltke, G.W., 'Jan de Bray', in: Haerlem, Jaarboek 1937, p. 33-59.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan de Bray fan Wikimedia Commons. |