Jan van Dijk
Jan van Dijk (1990) is in Fryske dammer en accountant út Oerterp.[1]
Jan van Dijk | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 1990 | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Damjen | |
wichtige prestaasjes | ||
3x Frysk kampioen |
Hy waard mei tsien jier tredde op it Frysk pupillekampioenskip. Dat betsjutte dat hy meidwaan mocht oan de lanlike kampioenskippen damjen. Dêr einige er op it 22e plak.
Jan fan Dijk waard Frysk damkampioen yn 2011, 2012 en 2015.
Trije kear kwalifisearre Van Dijk him foar it Nederlânsk kampioenskip. Yn 2014 debutearre Van Dijk op in NK-finale yn Huisssen en waard doe tolfte mei 5 punten. Yn 2020 waard er yn Kraggenburg alfte mei 11 punten. Yn 2022 helle er yn Wageningen ûnferwachte in fjirde plak mei 14 punten.[2]
Van Dijk spilet yn 2024 op it heechste lanlike nivo, de haadklasse. Hy helle de ynternasjonale titel fan FMJD-master, in titel fan de World Drafts Federation, in koepelorganisaasje fan nasjonale damfederaasjes, lykas it Keninklik Nederlânsk Dambûn. Dy titel fertsjinne er troch syn winst op it ynternasjonale Brunssum Iepen toernoai.
Yn 2015 wûn er it Brunssum Open en yn 2019 waard tredde by it NK fluchdamjen.
Bestjoerslid
bewurkje seksjeVan Dijk is ponghâlder fan it Nederlânsk Dambûn en damrubrykskriuwer foar it Friesch Dagblad.<ref>Oer Jan van Dijk, 22 juny 2022. Sûnt 2024 is hy ien fan de organisators fan it Nederlânsk kampioenskip.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|