Januarius (Latynsk: Ianuarius; Italjaansk: Gennaro), ek bekend ûnder de namme Januarius I fan Benevento, wie eartiids in biskop fan Benevento en is in martelder en hillige fan de roomsk-katolike en eastersk-otterdokske tsjerken. Ut syn tiid binne fierder gjin boarnen oerlevere, mar lettere boarnen en legindes wolle ha dat er ferstoar yn de tiid fan de grutte kristenferfolging dy't einige mei de abdikaasje fan Diokletianus yn 305. Januarius wurdt op 19 septimber betocht.

Januarius
   hillige
Sint-Januarius.
Sint-Januarius.
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 3e iuw
berteplak Benevento of Napels
stjerdatum ± 305
stjerplak Pozzuoli
wurkpaad
berop Biskop
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
hjeldei 19 septimber (R.-K.)
21 april (East.-Ott.)

Januarius is de beskermhillige fan de stêd Napels, dêr't katoliken trijeris yn 't jier yn de katedraal fan dy stêd by inoar komme om tsjûge te wêzen fan it floeiber wurden fan it opdroege bloed fan de hillige, dat bewarre wurdt yn twa fleskes yn in relykhâlder en it "Mirakel fan it Bloed" neamd wurdt.

 
Unthalzing fan Sint-Januarius (Girolamo Pesce)

Oer it wurk en it libben fan Januarius is histoarysk neat bekend. Hy waard yn de tiid fan de ferfolgings ûnder keizer Diokletianus ûnthalze, neffens de leginde nei't er earder yn in gleone ûne treaun waard en dêr sûnder ferwûnings wer út stapte en foar de wilde bearen smiten waard, dy't har by syn fuotten deljoegen. Tagelyk mei Januarius waarden nochris seis kristenen eksekutearre dy't yn de swefelboarne by Pozzuoli ferstoaren.

De bonken fan Januarius waarden yn 835 út it grêf fan it antike Napels nei Benevento brocht. It ferneamde bloedwûnder waard op 17 augustus 1389 foar it earst fêstlein. Dêrnei waarden de op 1 maaie 1491 de reliken werom brocht nei Napels. Dêr is Sint-Januarius de patroanhillige fan de domtsjerke. Yn Napels is ek noch de katakombe mei it oarspronklike begraafplak te besjen.

Bloedwûnder

bewurkje seksje

Under katoliken is de hillige bekend troch de fersegele ampullen dy't yn de katedraal fan Napels bewarre wurde. Der wurdt ornearre dat yn de ampullen it droege bloed fan de martler sit, in readbrune substânsje. Op trije dagen yn it jier wurdt de relykhâlder mei de ampullen út de kapel helle en yn in plechtige prosesje nei it alter brocht. Dat bart op de dei dat it oerbringen fan de reliken betocht wurdt (1 maaie of de saterdei foar dy datum), 19 septimber (de feestdei fan de hillige) en op 16 desimber (de dei dat de útbarsting fan de Vesuvius yn 1631 wurdt betocht).

 
Mirakel fan it Bloed

De aartsbiskop draaid en keard it in pear kear wylst de minsken harren gebeden útsprekke. As it bloed floeiber wurdt is dat in goed teken. De ynwenners fan Napels beskôgje it as in faai teken as it bloed droech bliuwt. In leek njonken de aartsbiskop kontrolearret of it bloed floeiber wurdt en makket dat mei it swaaien fan in bûsdoek bekend oan it tsjerkefolk. De oare deis kriget it tsjerkefolk de mooglikheid om yn in eucharistyfiering de ampullen mei de lippen oan te reitsjen en se fan tichteby te sjen.

Yn Napels is it wenst dat in nije biskop sa lang by de relikwy bidde moat, oant it bloed yn de ampul floeiber wurdt. De befolking beskôget dat as in teken dat Sint-Januaris syn goedkarring en segen jout oan syn opfolger.

De Roomsk-Katolike Tsjerke hat it bloedwûnder fan Januarius nea offisjeel erkend, mar stiet it gebrûk ta as lokale tsjerkefolkloare lykas ek de bloedwûnders fan Sint-Laurentius yn Amaseno en dy fan Sint-Pantaleon yn Ravello.

Yn 2016 feroarsake it útbliuwen fan it bloedwûnder ûnrêst ûnder de befolking. De foarlêste kear dat it bloed net floeiber waard wie doe yn 1980. Op 23 novimber 1980 ferstoaren 2.900 minsken troch de swiere ierdskodding fan Ipinia. Ek yn 1973 wachten de ynwenners fan Napels om 'e nocht op it floeiber wurden fan it bloed. Yn dat jier waard de stêd troffen troch in goalera-epidemy.[1]

Fanwegen in wat oare ferzy fan de leginde waard Januarius yn de 19e iuw fereare as de hillige fan androginen. Hy feriene doe manlike en froulike attributen en waard femminiello neamd. Syn bloed wie net it gewoane bloed fan in martler, mar fermongen mei it bloed fan in menstruaasje dy't oan Januarius taskreaun waard.

De Dútske filosoof Friedrich Nietzsche droech syn fjirde boek fan syn wurk Die fröhliche Wissenschaft op oan de hillige.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: