Jardingea
Jardingea (Stellingwerfsk: Jardinge; Nederlânsk: Jardinga) is in buorskip yn de gemeente Eaststellingwerf. Jardinga leit yn de himrik fan Easterwâlde. Hy leit benoarden Easterwâlde en súdeastlik fan Donkerbroek.
Jardinge is net in folslein iesdoarp, mar mear in groep buorkerij-iezen. De struktuer is tsjintwurdich ek noch goed werom te kennen yn it lânskip.
De namme komt ek foar as Jardinga, Jardingermark en Jarding(h)en. Hy krige syn namme troch in eardere aadlike state mei dy namme dy't dêr sawat stien hat. By Jardinge hat yn de prehistoarje in slachtplak west. Dat konkludearje archeologen út Grins no't se opnij skonken en in fjoerstien út 5000 foar Christus fûn ha. De skonken binne fan in oerokse en in hart.
Lannen yn Jardingea
bewurkje seksje- Hulshof
- de Mandeheir
- Het Hooge Holt