Jehannes de Dopertsjerke (Abovjan)

De Sint-Jehannes de Dopertsjerke (Armeensk: Սուրբ Հովհաննես Մկրտիչ Եկեղեցի, Soerb Hovhannes Mkrtitsj) is in monumintaal Armeensk-apostoalysk tsjerkegebou yn it sintrum fan Abovjan yn 'e provinsje Kotajk, Armeenje.

Jehannes de Dopertsjerke
Սուրբ Հովհաննես Մկրտիչ Եկեղեցի
Lokaasje
lân Armeenje
provinsje Kotajk
plak Abovjan
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Artak Ghûljan
boujier 2006-2013
Kaart
Jehannes de Dopertsjerke (Armeenje)
Jehannes de Dopertsjerke
Koepel.

De bou fan 'e tsjerke begûn yn augustus 2006 en waard betelle troch de Armeenske oligarch Gagik Tsarûkjan, dy't mear tsjerken bouwe liet. "Syn" tsjerken wurde allegear wijd oan Jehannes de Doper, de patroanhillige fan 'e famylje Tsarûkjan[1].

Nei in boutiid fan sân jier waard de tsjerke yn maaie 2013 troch katolikos Karekin II ynwijd. By dy plechtichheid wiene ek de doedestiidske presidint fan Armeenje Serzj Sarkisjan, premier Tigran Sargsjan, de eardere presidint Robert Kotsjarjan en de presidint fan Wyt-Ruslân Aleksander Lûkasjenko, dy't in offisjele besite oan it lân brocht.

Foar dy dei waard in diel fan de reliken fan Jehannes de Doper út it museum by de katedraal fan Edzjmiatsin nei Abovjan oerbrocht, dy't yn in krús ynlein waarden dat by de ynwijing brûkt waard.

De haadarsjitekt fan 'e tsjerke is Artak Ghûljan en de fresko's binne makke troch de ikoaneskilders Abraham en Hajk Azarjan, mar oan 'e bou en dekoraasjes wurken nochris likernôch 40 arsjitekten, byldhouwers en skilders mei. De tsjerke is fersierd mei kopieën fan dekoraasjes fan midsiuwske Armeenske tsjerken, fral dy fan 'e Krústsjerke op it eilân Akdamar yn Turkije.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Religion, Nation and Democracy in the South Caucasus, EAN: 9781317691563