Katedraal fan Edzjmiatsin

De Katedraal fan Edzjmiatsin (Armeensk: Մայր Տաճար Սուրբ Էջմիածին; Majr Tatsjar Surb Edzjmiatsin, Frysk: Memmetsjerke fan de Hillige Edzjmiatsin) is in armeensk-apostoalysk tsjerkegebou yn de Armeenske provinsje Armavir. De tsjerke makket diel út fan in kleasterkompleks en is de katedraal fan de patriarch fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke, de Katolikos fan de Hillige Stoel fan de Hillige Edzjmiatsin en alle Armeenjers.

Katedraal fan Edzjmiatsin

Էջմիածնի մայր տաճար

bouwurk
lokaasje
lân Armeenje
plak Edzjmiatsin
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier Kearn 6e iuw, grutte útwreidings yn de 17e iuw, tafoegings yn de 19e iuw
arsjitekt Stepan Kurkchyan
oare ynformaasje
lingte 33 meter
offisjele webside
Offisjele side fan de katedraal

Sûnt it jier 2000 falt it kleaster ûnder it yn it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Lokaasje en namme bewurkje seksje

De katedraal fan Edzjmiatsin leit likernôch 20 kilometer westlik fan de haadstêd Jerevan. Se stiet op it âldste kristlike plak fan Armeenje en foarmet it religieuze sintrum fan it lân. De namme Edzjmiatsin is ûntstien om't Gregoarius de Ferljochter op it plak in fizioen sjoen hawwe soe fan Kristus, dy't him it plak fan de grêven van twa martlers oanwiisde dy't foar it kristenjen fan it lân troch kening Trdat fermoarde wiene. Edzjmiatsin betsjut "De Iennichstberne (miatsin) farde del (êdzj)".[1]

Bouskiednis bewurkje seksje

De earste tsjerke waard op de fûneminten fan in heidenske timpel yn it jier 301 yn opdracht fan de earste katolikos Gregoarius de Ferjochter boud. Yn de jierren 480 folge de nijbou mei in houten dak. Op deselde lokaasje waard yn de 7e iuw in stiennen tsjerke boud, dy't hjoeddedei de kearn fan de tsjintwurdige katedraal foarmet.

It âldste diel fan de bûtenmuorren fan de tsjerke foarmje twa reliëfs yn de noardlike muorre mei foarstellings fan Petrus en Sint-Tekla op it iene en in medaillon mei in krús mei oan wjerssiden twa dowen. De reliëfs hawwe noch Grykske ynskriften. De twa noardlike pylders ûnder de koepel stiene al yn de fyfte (of fjirde) iuw.

 
17e-iuwsk oersicht fan it kleaster fan de Frânske reizger Jean Chardin

Yn de 17e iuw folge in grutte restauraasje fan de katedraal. Under katolikos Moazes III waard oan de koepel in tamboer tafoege. Dêrnjonken joech er opdracht om in muorre mei acht tuorren om it kleasterkompleks, nije wenromten, kleastersellen yn it noarden en suden, in refektoarium, gastenferbliuwen en ekonomyske foarsjennings te bouwen. In grut part fan dy nijbou gyng yn de kriich tusken de Ottomanen en de Safawiden yn de jierren 1635-1636 ferlern. De katedraal waard lykwols net skeind en ûnder de opfolger fan Moazes III waard it wurk oan de renovaasje ôfsletten. Yn de rin fan de 17e iuw waard in frijsteande, trije ferdjippings tellende klokketoer tafoege. Ek waarden der oan de noardlike, súdlike en eastlike fleugels fan de tsjerke klokketuorren oanboud.

 
Ynterieur

De katolikos Georgios IV liet yn de 19e iuw de eastlike muorre reparearje en foege in museum mei trije kapellen ta oan it komplek. Yn de rin fan de 19e iuw waard ek in grut part fan de ynrjochting ûnderbrocht yn it museum. Yn de twadde helte fan de 19e iuw waard in sakristy boud, dêr't hjoeddedei it museum yn is ûnderbrocht.

De klokketoer boppe de súdlike apsis stoartte yn 1921 yn en waard troch in kegelfoarmige toer ferfongen.

Sovjet-tiid bewurkje seksje

Doe't Armeenje yn 1920 in Sovjet-republyk waard hie dat grutte gefolgen foar de Tsjerke. It fieren fan de earetsjinst waard ferbean, it Edzjmiatsin-kleaster rekke it lânbesit kwyt, it seminaarje waard in steatsskoalle en op it museum en de bibleteek waard beslach lein. Nei de Twadde Wrâldkriich slagge de katolikos Georgios VI der yn 1945 yn om by ûnderhannelings mei Moskou de sitewaasje fan de Tsjerke foar in grut part te normalisearjen. Der mocht wer in katolikos keazen wurde, it seminaarje waard wer iepene en it waard de Tsjerke tastien om de biskoplike hiërarchy te herstellen. De katedraal ûndergyng in grutte renovaasje en de katolikos rôp alle Armeenjers fan 'e wrâld op dêrby te helpen. It levere de katolikos de bynamme "Patriotyske Katolikos" op.

 
Beskildering ferwulft

Fresko's bewurkje seksje

De fresko's fan hilligen en âldtestamintyske foarstellings waarden yn de 17e en 18e iuw oanfolle. Yn 1891 waarden se ferwidere, mar yn 1956 wer restaurearre. Sadwaande is de katedraal ien fan de seldsume tsjerken yn Armeenje mei in soad fresko's.

Tsjerkeskat bewurkje seksje

De tsjerkeskat wurdt bewarre yn in museum, dat ûnderbrocht is yn de sakristy. Te sjen binne û.o. kelken, liturgyske klaaiing en weardefolle krusen. Under de reliken is in planke fan Noäch's arke, de punt fan de hillige lâns út it kleaster Geghard, reliken fan Sint-Stefanus en in diel fan de stêf fan de apostel Bartolomés it neamen wurdich.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Etschmiadsin

  1. Armenie. Middeleeuwse Miniaturen uit het christelijke Oosten; side 13 yn in bydrage fan Jos J.S. Weitenberg