Tsjerke fan Sint-Hripsime
| |||||||||||||||||||||||||||||||||
|
De Sint-Hripsimetsjerke (Armeensk: Սուրբ Հռիփսիմե եկեղեցի, Sûrb Hripsime) is in 7e iuwsje tsjerke fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn 'e stêd Vagharsjapat (Edzjmiatsin) yn Armeenje. It is ien fan 'e âldste noch besteande tsjerken fan 'e stêd en it monumint heart tegearre mei oare monuminten ta it UNESCO-wrâlderfgoed 'Katedraal en tsjerken fan Edzjmiatsin en argeologysk Zvarnots'.
De hjoeddeiske tsjerke waard yn it jier 618 ûnder katolikos Komitas foltôge en ferfong in mausoleum fan katolikos Sahak de Grutte út 395. Dat mausoleum wie foar de reliken fan Hripsime boud op in plak fan heidenske ferearing.
Sint-Hripsime
bewurkje seksjeHripsime wie in tige kreaze non, dy't út Rome nei Armeenje flechtsje moast om sa oan in twongen houlik mei keizer Diokletianus te ûntkommen. Diokletianus liet it der net by sitte en stjoerde kening Tiridates in brief mei in beskriuwing fan Hripsime om har werom te krijgen, mar de kening rekke sels fereale op Hripsime en nei't hja him ek ôfwiisde liet er har op it plak fan 'e tsjintwurdige tsjerke tamtearje en deadzje. Efkes letter waard ek de abdis Gajane mei oare nonnen fermoarde, mar dat barde op oare lokaasjes dêr't hjoed-de-dei ek tsjerken steane. Kening Tiridates liet him letter dope en fierde it kristendom as steatsreligy yn.
Neffens de kronykskriuwer Agathangelos liet Tiridates nei syn bekearing op it plak fan Hripsime's martlersdea ta har neitins in mausoleum bouwe. Om de tsjerke hinne binne by opgravings resten fûn fan slim teheistere froulju, dy't op in ierkristlike wize begroeven wiene. De fynst liket it berjocht fan Agathangelos te ûnderskriuwen.
Hjoeddeiske tsjerke
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske gebou waard neffens in ferslach fan 'e doedestiidske kronykskriuwer Sebeos en ynskripsjes oan 'e westlike gevel en de eastlike apsis ûnder katolikos Komita (615-628) boud. It ferfong it eardere mausoleum fan Hripsime. Der wurdt fanút gien dat de tsjerke yn 618 foltôge waard. De koepel is nei alle gedachten yn 'e 10e of 11e iuw fernijd, alhoewol't guon wittenskippers ek hawwe wolle dat it de oarspronklike 7e-iuwske koepel is.
Yn 'e 17e iuw wie de tsjerke yn ferfal en bûten gebrûk. Yn 1653 fûn der in restauraasje plak en waard der foar de westlike tagong in gavit oanboud. Tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw (1790) waard oan 'e gavit noch in klokketoer tafoege.
De fortifikaasjes om de tsjerke hinne yn 'e foarm fan in stiennen muorre en tuorren binne yn 1776 oanlein. De eastlike en súdlike muorren binne yn 1880 fernijd.
Galery
bewurkje seksje-
Reliëf.
-
Muorre en tuorren.
-
Stiennen dêr't Hripsime mei deade wêze soe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|