Haadmenu iepenje

Vagharsjapat (Armeensk: Վաղարշապատ), is ien fan de grutste stêden fan Armeenje en neffens ynwennertal de grutste gemeente fan de provinsje Armavir. De stêd leit likernôch 18 kilometer westlik fan de haadstêd Jerevan en 10 kilometer noardlik fan de troch it regear yn Ankara sletten Turkske grins.

Vagharsjapat
Վաղարշապատ
Մայր Աթոռ Սուրբ Էջմիածին Mother See of Holy Etchmiadzin.jpg
Sifers
Ynwennertal 46.540 (2012)
Oerflak 40 km²
Befolkingstichtens 1.200 / km²
Hichte 853 m
Polityk
Lân Armeenje
Provinsje Armavir
Oar
Stifting 685 foar Kristus
Tiidsône GMT+4 (UTC+4)
Simmertiid GMT+5 (UTC+5)
Webside Side fan de stêd

De stêd stiet foaral bekend ûnder de namme Edzjmiatsin (Էջմիածին), fan 1945 oant 1995 de offisjele namme fan de stêd. Dy âlde namme wurdt noch jimmeroan brûkt yn it offisjele ferkear.

De stêd is it religieuze sintrum fan it lân en benammen bekend fanwegen de katedraal fan Edzjmiatsin. It wie ien fan de belangrike stêden fan it eartiidske Grut-Armeenje. Oan it begjin fan de 20e iuw stelde de stêd net in soad mear foar, mar yn de Sovjet-tiid naam it ynwennertal fan Edzjmiatsin as foarstêd fan Jerevan bot ta.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje