Neffens de oerlevering fan Agathangelos, skriuwer fan it ferhaal oer de kerstening fan Armeenje troch Gregoarius de Ferljochter, waard de tsjerke op it plak boud dêr't yn it jier 301 37 nonnen fermoarde waarden. De nonnen wiene mei de hillige Hripsime en har abdis, de hillige Gajane, foar keizer Diokletianus út Rome nei Armeenje fleche. Nei't Hripsime wegere de frou te wurden fan 'e Armeenske kening Trdat III om 't hja non bliuwe woe, feroardiele de kening har ta it martlerskip. Wylst hja de martlerdea yn 'e mjitte gie, soe der in ferskining fan in ljochtstriel west ha, dêr't de tsjerke letter nei ferneamd waard. Fuort dêrop bekearde Trdat him ta it kristendom en hy fierde it kristendom yn as steatsreligy.
Op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke stie foarhinne in 13e-iuwske tsjerke. Muorredielen fan 'e apsis geane mooglik noch op 'e 5e iuw werom en wiene ûnderdiel fan in artyrion (in stjerplak of it grêf fan in martler). Yn 'e súdwestlike hoeke waarden resten fan in sealtsjerke fûn. Oan 'e súdkant dêrfan wie in lytse healrûne apsis, dy't as portikus tsjinne hawwe kin. De basissen fan 'e muorrepylders wize op typyske skaaimerken fan 'e Armeenske arsjitektuer út de 4e of 5e iuw. Fierder waard in westlik en in súdlik portaal oantroffen, dy't nei de kapel laten.
De tsjerke is in ienskippige basilyk mei in koepel en hat in rjochthoekich oerflak. Oan 'e healrûne eastlike apsis grinzget oan beide kanten in smelle kapel. In pear muorredielen op dat plak binne de âldste dielen fan 'e tsjerke en geane op 'e 5e iuw werom. Fjouwer pendintiven foarmje de ferbining fan it rjochthoekige sintrale travee mei de achthoekige tamboer en de dêrop steande koanyske koepel. De koepel stiet west fan it middelpunt fan 'e tsjerke, itjinge foar midsiuwske tsjerken yn Armeenje wenst wie, en wurdt troch fjouwer pylders oan 'e noardlike en súdlike sydmuorre droegen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schoghakat-Kirche
|