Vagharsjapat
Vagharsjapat (Armeensk: Վաղարշապատ), bekender ûnder de namme Edzjmiatsin, is ien fan 'e grutste stêden fan Armeenje en neffens ynwennertal de grutste gemeente fan 'e provinsje Armavir. De stêd leit likernôch 18 kilometer westlik fan 'e haadstêd Jerevan en 10 kilometer noardlik fan 'e troch it regear yn Ankara sletten Turkske grins.
Vagharsjapat Վաղարշապատ | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Armeenje | |
Provinsje | Armavir | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 46.540 (2012) | |
Oerflak | 40 km² | |
Befolkingsticht. | 1.200 / km² | |
Hichte | 853 m | |
Oar | ||
Stifting | 685 foar Kristus | |
Tiidsône | GMT+4 (UTC+4) | |
Simmertiid | GMT+5 (UTC+5) | |
Koördinaten | 40°10'NB, 44°17'EL | |
Offisjele webside | ||
Side fan de stêd | ||
Kaart | ||
De stêd stiet foaral bekend ûnder de namme Edzjmiatsin (Էջմիածին), fan 1945 oant 1995 de offisjele namme fan de stêd. Dy âlde namme wurdt noch jimmeroan brûkt yn it offisjele ferkear.
De stêd is it religieuze sintrum fan it lân en benammen bekend fanwegen de katedraal fan Edzjmiatsin, de âldste tsjerke fan 'e wrâld. It wie ien fan de belangrike stêden fan it eartiidske Grut-Armeenje. Oan it begjin fan 'e 20e iuw stelde de stêd net in soad mear foar, mar yn de Sovjet-tiid naam it ynwennertal fan Edzjmiatsin as foarstêd fan Jerevan bot ta.
Wrâlderfgoed
bewurkje seksjeUnder de namme Katedraal en tsjerken fan Edzjmiatsin en archeologysk Zvarnots steane in oantal monuminten ferspraat oer trije lokaasje yn en by de stêd ynskreaun as UNESCO-wrâlderfgoed.
- Katedraal fan Edzjmiatsin
- Tsjerke fan Sint-Gajane
- Tsjerke fan Sint-Hripsime
- Sjoghakat-tsjerke
- Archeologysk Zvartnots
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vagharsjapat fan Wikimedia Commons. |