Sint-Gajanetsjerke Սուրբ Գայանե եկեղեցի
|
|
|
Lokaasje
|
lân |
Armeenje
|
provinsje |
Armavir
|
plak |
Edzjmiatsin
|
koördinaten |
40°9'NB, 44°17'EL
|
Tsjerklike gegevens
|
tsjerkegenoatskip |
Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
|
Arsjitektuer
|
boujier |
630-634
|
Kaart
|
|
|
Katedraal en tsjerken fan Edzjmiatsin en archeologysk Zvarnots
|
UNESCO-wrâlderfgoed
|
UNESCO folchnûmer |
1011
|
kritearia |
(ii) (iii)
|
ynskriuwing |
2000
|
gebiet |
74.3 ha
|
UNESCO-wrâlderfgoedlist
|
|
|
De Sint-Gajanetsjerke (Armeensk: Սուրբ Գայանե եկեղեցի; Sûrb Gajane) is in 7e-iuwsk tsjerkegebou yn 'e stêd Edzjmiatsin, it religieuze sintrum fan Armeenje. De tsjerke stiet tichteby de katedraal út it jier 301.
De Sint-Gajanetsjerke waard yn opdracht fan katolikos Ezra I yn it jier 630 boud. Nettsjinsteande renovaasjes fan 'e koepel en it ferwulft yn 1652 bleau it ûntwerp fan 'e tsjerke yn 'e rin fan 'e tiid itselde.
Gajane wie in troch de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke hillich ferklearre abdis, dy't tegearre mei oare nonnnen yn it jier 301 troch kening Tiridates III fanwegen har kristlike leauwe fermoarde waard.
Sûnt 2000 foarmet de Gajanetsjerke tegearre mei oare tsjerken fan 'e stêd ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed 'Katedraal en tsjerken fan Edzjmiatsin en archeologysk Zvarnots'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|