Jehannestsjerke (Flensburch-Adelby)

De Jehannestsjerke (Dútsk: Johanniskirche mar ek faak de Adelbyer Kirche) is it âldste tsjerkegebou fan 'e Dútske stêd Flensburch. De tsjerke stiet yn it stedsdiel Adelby, eins it memmedoarp fan Flensburch, en moat net betiizge wurde mei de Jehannestsjerke yn 'e histoarsyke binnenstêd fan Flensburch.

Jehannestsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Sleeswyk-Holstein
adres Richard-Wagner-Straße 51, 24943 Flensburg
koördinaten 54° 47' N 9° 28' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Ev-Lutherske tsjerke
patroanhillige Jehannes
Arsjitektuer
boujier 11e iuw
boustyl Romaansk en gotyk
Webside
Hiemside tsjerke
Kaart
Jehannestsjerke (Sleeswyk-Holstein)
Jehannestsjerke

De doarpstsjerke waard nei alle gedachten om 1080 hinne boud en nei de foltôging oan 'e apostel Jehannes wijd. Doe't der mei de bou útein set waard wiene der yn widere kontrijen al in pear tsjerken, lykas de Sint-Finsintiustsjerke fan Husby, de Laurentiustsjerke yn Munkbrarup en de Marijetsjerke yn Sörup.

It doarp, dat hjoed-de-dei bekend stiet as Adelby en eins 'âlddoarp' of 'memmedoarp' betsjut, rekke al gau dêrnei ûntfolke, want der ûntstiene fanút it doarp oare delsettings. Om 1100 hinne ûntstie oan it ein fan it Flensburger fjord ek de delsetting Sint-Jehannes en fan dêrwei ûntstie stadichoan it fan Adelby ûnôfhinklike Flensburch.

De tsjerke fan Adelby is dus âlder as de tsjerke fan 'e selde namme yn 'e histoaryske binnenstêd fan Flensburch. De tsjerke fan Adelby wie net mear in parochytsjerke, mar tsjinne as filiaaltsjerke foar doarpen en buorskippen yn 'e omkriten, sadat in kerspel mei in grut oerflak ûnstie. Dat kerspel hearde by Husbyharde, in bestjoersdistrikt fan it gebiet fan 'e Angelen.

It yn 'e 20e iuw ferskillende kearen útwreide tsjerkhôf is it iennige begraafplak yn it easten fan Flensburch, sadat de tsjerke syn betsjutting foar gemeenteleden út Mürwik, Engelsby en eardere dielen fan Adelbys hâldt. De tsjerken fan Flensburch, Angelen en Sleeswyk binne yn 2009 fusearre ta ien grutte gemeente.

De tsjin it ein fan 'e 11e iuw boude tsjerke is in lytse romaanske doarpstsjerke mei in westlike toer en dikke, wyt strutsen muorren mei in read pannetek en in hoanne op 'e toer. Doe't de tsjerke boud waard wie dy lytser en sûnder toer, mar mei in klokkestoel. De âlde muorren yn it midden fan it skip binne fan ûnbewurke fjildstiennen. Fan 'e romaanske rûnbôgefinsters binne der op 'e noardlike kant trije en op 'e súdlike kant noch ien. Yn 'e 15e of 16e iuw waard in portaal foar de tagong set om dêr de meinommen wapens yn del te lizzen. Ek koene de kreamfroulju dêr de misse folgje, want hja neffens de tradysje doe mochten hja de earste seis wiken nei de berte net yn tsjerke komme. Dêrfandinne wurdt de oanbou ek wol 'frouljushûs' neamd.

 
Alter en doopfont

Oan 'e westlike balke fan it koer hinget in triomfkrús út 1440-1450. Ut 'e selde tiid datearret in iken byld fan Jehannes de Doper.

Yn 'e 18e iuw waard stadichoan de tsjerke ferboud ta it hjoeddeiske oansjen. De houten toer waard yn 1726 ôfbrutsen en troch in toer fan graniten blokken mei in barokke spits ferfongen. De graniten blokken wiene ôfkomstich fan 'e ferfallen Duboarch. Doe't dat klear wie waard it skip fan 'e tsjerke mei bakstiennen ferhege en nei it easten en nei it westen oant noch in stikje fierder as de toer fergrutte. Oant 1780 ûntstie sa de hjoeddeiske sealtsjerke mei in breed koer. Yn it jier 1775 waard oan 'e westkant fan 'e toer in sânstiennen betinkingsstien mei in Soli Deo Gloria en in monogram fan kening Kristiaan VII oanbrocht. In pear jier letter krige de tsjerke it hjoeddeiske alter, dat makke is troch Friedrich Windekiel

De gemeente naam yn 2014 it beslút in nij oargel te bouwen, om 't it âlde Kemper-oargel út 'e jierren 1960 fanwegen minderweardich materiaal net mear foldie en ek net mear te renovearjen wie. Nei in lang proses waard yn 2017 keazen foar de oargelbouwen Paschen út Kiel om dat nije oargel te bouwen. De keunstner Uwe Appold krige de opdracht om de nije oargelkas te fersieren.

Op 12 maaie 2019 wijde de lutherske biskop fan Sleeswyk Gotthard Margaard it nije oargel. It nije ynstrumint hat 26 registers op twa manualen en pedaal en it is in hybrideoargel. Alle toetsen binne útrisd mei elektryske kontakten, sadat it ynstrumint mei elektryske klanken fergrutte wurde kin. De spyltafel hat in tredde manuaal, fan wêr út alle elektroanyske registers oanspile wurde kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: de:Johanniskirche (Flensburg-Adelby)