De jellen wie in langtemjitte fan om en by 70sm. De jellen waard fral brûkt foar it mjitten fan stoffe, troch dy mei de ûnderearm ôf te mjitten.

De jellen fan Warkum, letter de Fryske jellen, sa't dy op it eardere stedhûs fan Warkum te sjen is (kopy).

Pleatslike jellen

bewurkje seksje

Oeral dêr't in protte stoffehandel wie, wie der in standert-jellen, dy't op it stedhûs te sjen wie, en dêr't eltsenien de jellenstôk by hâlde koe om dy te ytsjen. Foar it keapjen fan stoffe by ien makker die it der net ta krekt hoe't dy de stoffe mei de eigen ûnderearm ôfmeat. Op de merk lykwols makken de standert-jellen en de jellenstokken it mûglik en ferlykje de prizen. Der wie lykwols gjin standert dêr't dy standertjellen oan itige waarden, dat dy pleatslike jellens wienen allegear net itselde.

Standerdisaasje

bewurkje seksje

Dy ferskillen hawwe der altiten en oeral west: Om de Middellânske See wie de jellen minder as in heale meter; op Yslân wie de jellen mear as in meter. Foar Fryslân feroare dat ferskaat yn 1504, doe't de jellen fan Warkum troch Joaris mei it Burd oanwiisd waard as Fryske jellen (0,709m). Yn de Nederlannen waard yn 1725 de jellen fan De Haach fêststeld as de standert-jellen (0,694m). By de ynfiering fan it metrysk stelsel yn Nederlân yn 1820, waard de "jellen" de namme foar de langtemjitte. Yn 1869 is dy metryske jellen ferfongen troch de meter, mei fansels krekt deselde langte.