Jeraziatyske dassen (ûnderfamylje)

De Jeraziatyske dassen (Latynske namme: Melinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora) en de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae). Yn dizze taksonomyske groep binne de measte dassesoarten gearbrocht, útsein de (Amerikaanske) sulverdassen (Taxideinae) en de (Afrikaanske) hunichdassen (Mellivorinae). Fierders ûntbrekke hjir ek de Aziatyske stjonkdassen (Mydaus), mar dat binne gjin 'echte' dassen, en dy hearre net ta de martereftigen, mar ta de stjonkdieren (Mephitidae). It bekendste lid fan 'e ûnderfamylje fan 'e Jeraziatyske dassen is de 'gewoane' Jeropeeske das, dy't ek yn Fryslân foarkomt.

Jeraziatyske dassen (ûnderfamylje)
In Japanske das (Meles anakuma).
In Japanske das (Meles anakuma).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: poalrôfdieren (Arctoidea)
boppefamylje: marterdieren (Musteloidea)
famylje: martereftigen (Mustelidae)
ûnderfamylje: Jeraziatyske dassen (Melinae)
Bonaparte, 1838

Famylje-opbou

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.