Jessica Phyllis Lange (Cloquet (Minnesota), 20 april 1949) is in Amerikaansk filmaktrise.

Jessica Lange 2008.

Op har earste filmrollen, benammen dy yn 'King Kong', wie in soad negative krityk, mar yn 1981 koe hja har kritisy oertsjûgje fan har talint mei de haadrol fan oerhuorrige servearster yn Bob Rafelson syn ferzje fan The Postman Always Rings Twice, wêryn't sy tsjinoer Jack Nicholson spile. Fan doe ôf hat Lange geregeldwei yn spylfilms en fan 1990 ôf ek yn it teater te sjen west.

Fan 1971 oant 1981 wie sy troud mei fotograaf Paco Grande en fan 1982 ôf hat hja in ferhâlding mei akteur/toanielskriuwer Sam Shepard. Sy hat trije bern, Alexandra (1981) fan de Russyske dûnser Mikhail Baryshnikov, Hanna (1985) en Walker (1987) fan Shepard. Hja wennet tsjintwurdich yn New York.

Jessica Lange is ambassatrise foar Unicef.

Academy Awards bewurkje seksje

  • 1983 - Bêste Froulike Byrol - Tootsie
  • 1995 - Bêste Aktrise - Blue Sky

Filmografy bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje