Tootsie

film út 1982 fan Sydney Pollack

Tootsie is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 1982 ûnder rezjy fan Sydney Pollack, mei yn 'e haadrollen Dustin Hoffman en Jessica Lange. De titel betsjut "Skatsje" of "Leave", in wat delbûgende poppenamme dêr't guon manlju it foar de moade hawwe om eltse willekeurige frou mei oan te sprekken. It ferhaal giet oer Michael Dorsey, in wurkleaze akteur yn New York, dy't, om oan wurk te kommen, in froulike identiteit oannimt. Sa bemachtiget er in rol yn in populêre soapsearje, mar hy komt yn 'e knipe as er fereale rekket op ien fan syn tsjinspylsters. Fan 'e filmkritisy krige Tootsie rûnom lof taswaaid, en de film wûn in Oscar, trije Golden Globes (wêrûnder de priis foar bêste film – musical of komeedzje) en twa BAFTA's. Yn 'e bioskopen wie Tootsie ek in grut kommersjeel súkses en yn Noard-Amearika de op ien nei meast opbringende film fan 1982. Yn 1998 waard de film foar preservearring opnommen yn it National Film Registry.

Tootsie
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sydney Pollack
produsint Charles Evans
Sydney Pollack
Dick Richards
Ronald L. Schwary
senario Larry Gelbart
Murray Schisgal
Barry Levinson
Elaine May
basearre op Would I Lie to You?
   fan Don McGuire
kamerarezjy Owen Roizman
muzyk Dave Grusin
filmstudio Mirage Enterprises
distribúsje Columbia Pictures
spilers
haadrollen Dustin Hoffman
Jessica Lange
byrollen Teri Garr
Bill Murray
Dabney Coleman
Charles Durning
George Gaynes
Geena Davis
Sydney Pollack
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 17 desimber 1982
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $21 miljoen
opbringst $177,2 miljoen (Noard-Amearika)
prizen 1 × Oscar
3 × Golden Globe
2 × BAFTA

Plot bewurkje seksje

Michael Dorsey is in wurkleas akteur yn New York, dy't by eltse audysje ôfwiisd wurdt. Hy is te âld, te jong, te lyts, te grut, mar yn elts gefal net wat de castingdirector siket. Syn ympressario George Fields helpt him út 'e dream: hy is te perfeksjonistysk en dêrtroch te dreech om mei gear te wurkjen. Dêrom wol gjin inkele regisseur of produsint him noch caste. Michael wurket dêrom as ober en as aktearcoach foar oare akteurs en knopet sa de eintsjes wat oaninoar. Hy wennet yn in appartemint dat er dielt mei syn maat Jeff Slater, in aspirearjend toanielskriuwer dy't as ober yn itselde restaurant wurket. Jeff skriuwt in toanielstik dêr't Michael en in stikmannich befreone akteurs yn spylje sille, mar om 'e produksje op 'e planken te bringen is ferlet fan $8.000.

Op in stuit heart Michael fia-fia dat in aktrise socht wurdt foar de rol fan sikehûsdirektrise Emily Kimberly yn 'e soapsearje Southwest General. Hy besiket om 'e nocht Sandy Lester, in aktrise mei wa't er befreone is en dy't er coacht, oan dy rol te helpen. Om't er driuwend ferlet hat fan jild om fia Jeff syn toanielstik syn eigen wurkpaad en de karriêres fan syn freonen fierder te helpen, beslút Michael om him sels as frou te ferklaaien, om te sjen oft er de rol sels ek yn 'e wacht slepe kin. Hy draait syn foar- en efternamme min ofte mear om en betinkt sa de namme 'Dorothy Michaels'. By de audysje set er fuortendaliks de seksistyske regisseur Ron Carlisle te plak, mar hy wit mei syn aktearjen sa'n yndruk te meitsjen op tillefyzjeprodusinte Rita Marshall, dat dy him oannimt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De iennichsten dy't Michael oer syn aktiviteiten yn fertrouwen nimt, binne Jeff, om't se in appartemint diele en hy it dus net foar him geheim hâlde kin, en George Fields, om't de betelling fan syn salaris fia it ympressariaat rint. Beiden ferklearje se him foar gek, mar Jeff hat der fierders gjin ynfloed op en Michael wit Fields te bepraten om deryn mei te gean. Hy makket de produksje fan Southwest General wiis dat er in allergy hat, sadat er himsels thús opmeitsje mei. Dat is mar goed ek, want yn 'e tillefyzjestudio blykt er in klaaikeamer te dielen mei in oare aktrise, April Page.

Foar syn nije alter ego moat Michael in hiele nije garderôbe oanskaffe en sadwaande kriget er ynienen belangstelling foar frouljusklean. As er by Sandy thús is en sy in flugge dûs nimt foar't se tegearre (as freonen) in hapke ite sille, giet Michael op 'e sneup yn har kleankast. As se ûnferwachts gau út 'e baaikeamer komt, trappearret Sandy him net yn ien fan har jurken, mar wol yn syn ûnderbroek. Hy wol net opbychtsje dat er sels de rol op 'e kop tikke hat dy't sy sa graach hawwe woe, dat hy 'lost it op' troch te bearen dat er mei har op bêd wol. Ta syn ferheardens stimt Sandy dêryn ta, mar neitiid is se benaud dat de seks harren freonskip bedjerre sil. Michael beswart har by heech en by leech dat dat net sa is, mar troch syn nije wurk dêr't er har neat oer fertelle kin, komt syn omgong mei Sandy de folgjende tiid almar wer yn 'e knipe.

Michael set Emily del as in feministe dy't net oer har rinne lit. Dêrmei komt er sawol de rest fan 'e cast as de crew oer it mad, dy't ferwachten dat er har spylje soe as noch mar wer in swymjend frommes, sa't se yn it skript ek skreaun is. By in petear mei Sandy kriget Michael lykwols te hearren dat dy Emily Kimberly mar in healsêfte suffert is (hoewol't Sandy, dy't de rol sels hawwe woe, der fansels net alhiel ûnpartijich foaroer stiet). As er him neitiid by Jeff beklaget oer de freeslike dialooch dy't him soms taparte wurdt, freget Jeff him wêrom't er dan sels syn tekst net betinkt. Hy lûkt him ommers op oare mêden ek neat oan fan oaren. Michael beslút dat sarkastysk kommentaar foar goerie oan te nimmen, en neitiid feroaret er syn teksten op eigen manneboet as dat him goed taliket, wat regisseur Carlisle ta wanhoop driuwt. Dêrtroch wurdt Emily Kimberly lykwols al rillegau in nasjonale sensaasje, en de sjochsifers fan Southwest General klimme sa heech as se yn jierren net west hawwe.

Nettsjinsteande syn profesjonele súkses bringt syn alter ego Michael op it persoanlike flak hieltyd fierder yn 'e knipe. Hy fielt him seksueel oanlutsen ta Julie Nichols, dy't yn 'e searje in ferpleechkundige spilet, mar moat syn gefoelens foar har ûnderdrukke om't Julie him allinne mar ken as Dorothy Michaels. Julie is in allinnichsteande mem fan in oardel jier âlde poppe, dy't in ûnferstannige, neat te sûne relaasje ûnderhâldt mei regisseur Ron Carlisle. Julie en 'Dorothy' reitsje befreone. As Michael har op in jûn (as himsels) op in feest treft, besiket er syn problemen op te lossen (of noch yngewikkelder te meitsjen) troch har te fersieren mei in útspraak wêrfan't Julie earder oan 'Dorothy' ferteld hie dat se dêr sà foar falle soe. Michael komt lykwols bedragen út en kriget in glês sjampanje yn it gesicht smiten.

As Michael (ferklaaid as Dorothy) Carlisle oansprekt op dy syn minne behanneling fan Julie, bringt dy dêrfoar alderhanne arguminten en selsrjochtfeardigings op 't aljemint dy't Michael sels earder brûkt hat om syn behanneling fan Sandy goed te praten. 'Dorothy' har selsstannige, wisse manear fan hâlden en dragen hat lykwols ynfloed op Julie, dy't koarte tiid letter har relaasje mei Carlisle ferbrekt. Se nûget 'Dorothy' út om in lang wykein mei har en har dochterke Amy op it plattelân troch te bringen, op it boerespultsje fan har heit Les. Michael is twongen om dêr oan ien wei troch yn syn rol te bliuwen, mei't hy en Julie in sliepkeamer diele. Underwilens besiket Julie om 'Dorothy' oan har heit te keppeljen, dy't widner is.

Werom yn New York leit Michael, noch yn syn identiteit as Dorothy, it foarsichtich ta op Julie, dy't har deaskrikt en konkludearret dat 'Dorothy' in lesbiënne wêze moat. Se makket dúdlik dat sy dat sels net is en dat se 'Dorothy' har gefoelens net beäntwurdet. Ek freget se 'Dorothy' om har heit net oan it lyntsje te hâlden. Dat, 'Dorothy' praat dy jûns ôf mei Les om him foar iens en foar altyd te fertellen dat it neat tusken harren wurde kin. Mar Les komt ynienen op 'e lapen mei in diamanten trouring en in houliksoansyk. Om't er Les syn gefoelens sparje wol troch net kâldwei nee te ferkeapjen, seit Michael ta om it oansyk yn omtinken te nimmen.

As er letter thúskomt, wurdt er dêr opwachte troch John Van Horn, dy't yn Southwest General in âldere dokter spilet. De akteur is alhiel fereale rekke op 'Dorothy', en as Michael him deryn nûget om't er mei syn serenade op 'e strjitte de buorlju út 'e sliep hâldt, besiket Van Horn him oan 'Dorothy' te fertaasten, wat inkeld foarkomd wurdt troch de ûnferwachte thúskomst fan Jeff. As in pear minuten letter Sandy by harren foar de doar stiet en witte wol wêrom't er har tillefoantsjes negearret, moat Michael him halje-trawalje ferklaaie, wêrnei't er har fertelt dat er fereale rekke is op in oare frou. Sandy, dy't der foartiid tige by him op oanstien hie om earlik tsjin har te wêzen, fettet dat net bêst op; se gilt alles byinoar en kreëarret in hiel o-heden foar't se lulk in ein oan harren relaasje makket en fuortskonket.

Op syn wurk wurdt Michael ferrast troch produsinte Rita Marshall, dy't 'Dorothy' fertelt dat omreden fan har populariteit besletten is om 'e opsje yn har kontrakt te aktivearjen dy't de studio it rjocht jout om har foar it hiele oankommende seizoen fêst te lizzen. Michael is yn alle steaten, want hy sjocht it alhiel net sitten om noch in jier as frou omrinne te moatten. Hy freget syn ympressario George Fields om help, mar dy seit dat er bûn is oan it kontrakt dat er sels ûndertekene hat. As er net oan syn ferplichtings foldocht, kin de studio him foar de rjochter daagje foar skeafergoeding, en Fields sels ek.

Koarte tiid letter docht him lykwols wat foar dat Michael de kâns biedt om himsels út 'e problemen te heljen. In studiomeiwurker hat drinken oer de film fan ien fan 'e ôfleverings hinne griemd, sadat dy no ûnbrûkber is. Dat betsjut dat dy ôflevering op 'e nij spile wurde moat wylst er live útstjoerd wurdt. Oan 'e ein fan 'e ôflevering is Emily Kimberly earegast by in feestlike gearkomste yn it sikehûs. Michael begjint dan, ta skrik fan regisseur Carlisle en de rest fan 'e crew, wer syn eigen tekst te betinken, en yn in live-útstjoering kinne se neat oars dwaan as ôfwachtsje wêr't er dêrmei hinne wol. By in taspraak oan 'e rest fan 'e cast makket 'Dorothy' bekend dat de wiere Emily Kimberly dea is en dat 'sy' eins har twillingbroer Edward is, dy't har plak ynnommen hat om har te wreekjen. Mei dy wurden, útsprutsen mei syn wiere stim, skuort Michael mei in dramatysk gebeart syn prúk ôf, sadat foar eltsenien te sjen is dat er in keardel is.

De fans fan Southwest General binne lôgjende entûsjast oer dizze ûnferwachte ûntwikkeling, dat Michael kin ûnder syn kontrakt út sûnder dat er foar de rjochter sleept wurdt. Alles liket dus goed te betearen, mar Julie is sa poerrazen oer alle bedroch dat se him in terwinkel yn 'e skamstreek jout en neat mear mei him te krijen hawwe wol. In skoftke letter, as alle opwining wat delbêde is, siket Michael Les op yn dy syn stamkroech. Hy jout de trouring werom. Les byt him ta dat hy (Michael) allinne noch mar libbet om't se nea tute hawwe, mar as Michael útleit dat er de rol oannommen hat om't er ferlet fan jild hie en dat er akkoart gien is mei it wykein op it plattelân om't er fereale wie Julie, begjint Les him te ferjaan. Hy jout ta dat Dorothy eins hiel noflik selskip wie en akseptearret in bierke fan Michael.

Letter wachtet Michael Julie bûten de studio op. Se wol net mei him prate, mar hy rint har efternei en fertelt har dat er it bylein hat mei har heit. Uteinlik jout se ta dat se Dorothy mist. Michael seit tsjin har dat er mei har in bettere man wie as frou, as dat er mei in frou ea as man west hat. Dêr moat Julie om glimkje, en al pratend geane se de strjitte del.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Dustin Hoffman (1984).
 
Jessica Lange (2008).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Michael Dorsey / Dorothy Michaels / Emily Kimberly Dustin Hoffman
Julie Nichols Jessica Lange


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Sandy Lester Teri Garr
Jeff Slater Bill Murray
Ron Carlisle Dabney Coleman
Les Nichols Charles Durning
John Van Horn George Gaynes
April Page Geena Davis
George Fields Sydney Pollack
Rita Marshall Doris Belack
Jacqui Ellen Foley
Jo Lynne Thigpen
poppe Amy Nichols Amy Lawrence
Diane Susan Egbert
Linda Christine Ebersole
frou Crawley Anne Shropshire

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Preproduksje bewurkje seksje

Yn 'e earste helte fan 'e 1970-er jierren skreau akteur Don McGuire in toanielstik mei as titel Would I Lie to You? ("Soe Ik Dy Foarlige?") oer in wurkleaze akteur dy't himsels ferklaait as frou om oan in rol te kommen. Dat gie ferskate jierren yn Hollywood rûn oant it yn 1978 ûnder de oandacht kaam fan komyk en akteur Buddy Hackett. Dyselde hie wol niget oan it spyljen fan 'e folle pleage ympressario fan 'e akteur, en liet it stik dêrom sjen oan Charles Evans, in Amerikaanske ûndernimmer dy't koartby besletten hie om in karriêre yn 'e filmyndustry te begjinnen, dêr't syn broer Robert Evans súkses hie as akteur, produsint en studiodirekteur.

Evans naam in opsje op 'e filmrjochten fan it toanielstik, dy't er ferskate kearen fernije moast fanwegen fertragings by de ferfilming. Yn 1979 skreau er sels, yn 'e mande mei regisseur Dick Richards en senarioskriuwer Bob Kaufman, in skript op basis fan it toanielstik. De haadrol waard fergees oan Peter Sellers en Michael Caine oanbean. Inkele moannen nei't it senario ree kommen wie, liet Richards it sjen oan Dustin Hoffman, mei wa't er partners wie yn in bedriuw dat yn filmrjochten hannele. Hoffman, dy't doe al in fierd akteur wie, seach wol wat yn it senario, mar easke folsleine kreätive kontrôle. Evans stimde dermei yn om himsels net mear mei it senario te bemuoien, mar ynstee produsint te wurden fan 'e film dy't Tootsie kaam te hjitten.

De film bleau noch in goed jier yn preproduksje, wylst it senario hielendal werskreaun waard troch Larry Gelbart en Murray Schisgal, wylst Barry Levinson en Elaine May ek bydragen leveren, al waarden dy beiden dêrfoar letter net op 'e ôftiteling fan 'e film fermelden. Dick Richards, dy't Tootsie regissearje sillen hie, heakke healwei de preproduksje ôf om't er it net iens wie mei de nije draai dy't op fersyk fan Hoffman oan it senario jûn waard. Hy waard doe ynstee produsint, wylst Hal Ashby oanlutsen waard om him te ferfangen as regisseur. Dêr lei filmstudio Columbia Pictures lykwols it near op, om't der in rjochtsaak drige as Ashby net foldie oan syn postproduksjeferplichtings yn it ramt fan 'e film Lookin' to Get Out. Yn novimber 1981 waard úteinlik Sydney Pollack oansteld as regisseur.

As produsinten wiene Evans, Pollack, Richards en Ronald L. Schwary by it projekt belutsen foar de filmstudio Mirage Enterprises. Tootsie waard finansierd troch Columbia Pictures foar in budget fan $21 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Owen Roizman, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Dave Grusin. De titelsong fan Tootsie, It Might Be You, waard útfierd troch sjonger Stephen Bishop. De liettekst waard skreaun troch Alan en Marilyn Bergman en de meldij waard komponearre troch Grusin. It liet waard in hit yn 'e Feriene Steaten, dêr't it yn guon hitlisten it earste plak berikte.

Opnamen bewurkje seksje

Pollack wie behalven as regisseur en produsint ek as akteur yn 'e film behelle, mei't er op oantrúnjen fan Hoffman de rol fan 'e folle pleage ympressario George Fields op him naam. De opnamen foar Tootsie fûnen foar in grut part op lokaasje plak. Sa waard de sêne yn 'e Russian Tea Room opnommen yn it eigentlike restaurant mei dy namme yn New York. Ek waard der filme yn Central Park, op 'e strjitte foar it warehûs Bloomingdale's, yn 'e National Video Studios (de set fan 'e soapsearje) en yn Hurley (New York) en Fort Lee (Nij-Jersey).

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Tootsie waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 17 desimber 1982 yn 'e Amerikaanske en Kanadeeske bioskopen yn premiêre. Yn 1985 kaam de film út op VHS- en Betamax-keapfideo, en yn 2001 op dvd. De earste blu-rayferzje fan Tootsie ferskynde yn 2013.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Tootsie oer it algemien tige positive resinsjes. Sa joech de foaroansteande resinsint Roger Ebert, fan 'e krante de Chicago Sun-Times, de film 4 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Tootsie is it soarte Film mei in haadletter F dat se yn 'e 1940-er jierren makken, doe't se der net foar tebekskrillen om absurditeit mei earnst te fermingen, of maatskippijkrityk mei in klucht, of om tusken de grappen troch in bytsje hertlike tearhertigens sjen te litten. […] De film kriget it ek foarinoar om inkele lichtfuottige mar rekke observaasjes oer seksisme te meitsjen. Hy stekt fierders op satiryske wize de draak mei soapsearjes, New Yorkske ympressario's en de maatskiplike pikoarder fan Manhattan."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Tootsie in heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 49 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] fergriemt syn treflike komyske útgongspunt net mei ferfine dialooch of in sympatike behanneling fan 'e personaazjes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Tootsie in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 21 resinsjes. Yn 1998 waard Tootsie troch de Library of Congress útornearre foar preservaasje yn it National Film Registry, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Tootsie brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $177,2 miljoen op. Yn Dútslân waard nochris $19 miljoen fertsjinne. Hoewol't de opbringst yn oare lannen en territoaria ûnbekend is, komt er dêrmei al út op $196,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $21 miljoen betsjut dat in winst fan $175,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Tootsie wie yn Noard-Amearika de op ien nei meast opbringende film fan 1982, nei de science fiction-film E.T. the Extra-Terrestrial.

Prizen bewurkje seksje

Yn 1983 waard Tootsie by de Oscars nominearre foar 10 prizen yn 9 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Dustin Hoffman), bêste byrol fan in aktrise (Teri Garr), bêste orizjinele senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste orizjinele liet (It Might Be You) en bêste lûdsmixing. Jessica Lange wûn de Oscar foar bêste byrol fan in aktrise. By de Golden Globes waard Tootsie nominearre yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur en bêste filmsenario. De film wûn de Golden Globes foar bêste film (musical of komeedzje), bêste akteur (Dustin Hoffman) en bêste byrol fan in aktrise (Jessica Lange).

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Tootsie nominearre yn 9 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste aktrise (Jessica Lange), bêste byrol fan in aktrise (Teri Garr), bêste adaptearre senario, bêste kostúmûntwerp en bêste orizjinele liet (It Might Be You). De film wûn de BAFTA's foar bêste akteur (Dustin Hoffman) en bêste fisazjy (Dorothy Pearl, George Masters, C. Romaina Ford en Allen Weisinger). De film wûn ek de Japanske Kinema Junpo foar bêste film yn in bûtenlânske taal. Tootsie waard fierders nominearre foar de Frânske César du Cinéma en de Italjaanske David di Donatello foar bêste bûtenlânske film, en de Grammy Award foar bêste soundtrackalbum.

Musicaladaptaasje bewurkje seksje

Tootsie waard 36 jier letter adaptearre ta de musical Tootsie mei muzyk en lietteksten fan David Yazbek en in senario fan Robert Horn. Under rezjy fan Scott Ellis en mei Santino Fontana yn 'e titelrol as Michael Dorsey iepene it stik yn septimber 2018 yn Chicago, foar't it yn 'e maityd fan 2019 yn New York op Broadway op 'e planken brocht waard.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.