Jierfûgel
Jierfûgel is in ornitologyske term foar in fûgelsoarte dy't it hiele jier troch yn (û.m.) Nederlân foarkomt. Jierfûgels binne der yn twa kategoryen:
- Stânfûgels: fûgels dy't it hiele jier troch op itselde plak bliuwe. Foarbylden binne de ekster, de fazant, de grutte eksterspjocht, de hauk, de hûsmosk, de swarte krie, it swartkopke en de wâldûle.
- Dieltrekkers: fûgels dy't foar de winter mar foar in diel har briedgebiet ferlitte, trochdat de noardlike populaasjes oerwinterje yn gebieten dêr't de súdlike populaasjes by 't simmer briede. Foarbylden binne de bûnte lyster, de protter, it readboarstke, de toefein, it waarlamke en de wylde ein.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|