De ekster (Pica pica) is in fûgel út de famylje fan de Kriefûgels.

ekster
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje kriefûgels (Corvidae)
skaai eksters (Pica)
soarte
Pica pica
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Ekster is in 46 sm grutte fûgel dy't in gewicht hat fan 200-260 gram. De Ekster is maklik wer te kennen troch syn swart-wite fearren. Fierder hat er in opfallend lange sturt dy't hy, at er op 'e grûn, sit goed omheech hâldt. Syn kop, nekke en boarst binne glânzjend swart mei in metaaleftige griene of blauwe gloed. De búk en skouders binne wyt, de wjukken binne wer swart. Fierder hat de ekster swarte poaten en in swarte snaffel. De jongen lykje op harren âlden, mar misse noch de metaaleftige gloed fan de swarte fearren. It mantsje is krekt wat grutter as it wyfke.

Fersprieding

bewurkje seksje

De ekster komt foar yn hast hiel Jeropa en in grut part fan Aazje. De eardere ûndersoarte út Noard-Afrika, de Magrebekster, wurdt no as in aparte soarte beskôge. De ekster is as eksoat troch de minske yntrodusearre op 'e Japanske eilân Kjûsjû.

By it itensykjen rinne de eksters oer de grûn. Foar it grutste part ite se ynsekten dy't se op de grûn fange. Fierder ite se hast alles fan dierlike oarsprong, jonge fûgels, aaien, lytse sûchdieren. Mar se ite bygelyks ek wol ikels of nôt.

Fuortplanting

bewurkje seksje
 
Pica pica pica

De Eksters meitsje harren nêst yn de top fan in hege beam. It is in grut nêst, wêrfan de kom beklaaid is mei grûn en klaai. Boppe it nêst makket de ekster in dak fan losse prikken mei op ien plak in yngong. At de blêden fan de beammen falle binne de nêsten goed te sjen.
It wyfke leit tusken de fjouwer en acht aaien, dy't yn sa'n 18 dagen utbret wurde. Dêrnei duorret it noch 22-24 dagen oant de jongen útfleane.

  Commons: Ekster – foto, fideo en harktriemmen